Summer Brielle

Summer Brielle, ek wol bekend ûnder har bynamme the Atomic Blonde ("de Atoomblondine"), echte namme: Laura Cox (yn Tennessee, 7 febrewaris 1987), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja makket ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Brielle Taylor, Summer Taylor en Summer Brielle Taylor. Se sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Summer Brielle stiet benammen bekend om har blonde hier en har grutte boarsten en lippen. Se hat ûnderwilens nominearre west foar njoggen AVN Awards.

Summer Brielle
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
the Atomic Blonde, Brielle Taylor,
Summer Brielle Taylor,
Summer Taylor
echte nammeLaura Cox
nasjonaliteit Amerikaansk
berne7 febrewaris 1987
berteplakyn Tennessee (Feriene Steaten)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf2010 – no
offisjele webside
Summer Brielle op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Summer Brielle waard yn 1987 berne yn 'e Amerikaanske steat Tennessee. Nei't se slagge wie foar har eineksamens oan 'e middelbere skoalle, wurke se in skoftke as model yn 'e reklamebrâns en as trophy girl by autoraces. Teffens folge se in oplieding fisazjy, sadat se tsjintwurdich in diplomearre fisazjiste is. Yn 2008 posearre se neaken foar twa edysjes it manljusblêd Playboy, en letter stie se ek yn 'e neakenblêden Hustler, High Society en American Curves. Teffens hat se gearwurke mei de foaroansteande Amerikaanske neakenfotografe Holly Randall.

Neitiid wie Summer Brielle koart wurksum as stripper en as webcamgirl, foar't se yn 2010, doe't se 23 jier wie, har debút makke yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt dy tiid yn mear as 210 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Wicked Pictures, Evil Angel, Digital Playground, Devil's Film, Digital Sin, Elegant Angel, Zero Tolerance, Jules Jordan Video en Hustler Video. Ek hat se wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Girlfriends Films, Pure Play Media, Mile High Media en Third Degree Films. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder Brazzers, Naughty America en Muffia.

Summer Brielle die har earste anale sekssêne yn 'e film Anal Provocateur, út 2015. Njoggen kear sleepte se in nominaasje foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht. Se hat gearwurke mei kollega-aktrises as Ava Addams, Asa Akira, Anikka Albrite, Britney Amber, Breanne Benson, Nikki Benz, Lily Carter, Brooklyn Chase, Vicki Chase, Angelina Chung, Allie Haze, Dani Jensen, Julia Ann, Eva Karera, Remy LaCroix, Lisa Ann, Krissy Lynn, Riley Reid, Andy San Dimas en Jada Stevens, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Marco Banderas, Mick Blue, Danny D, James Deen, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Keiran Lee, Mandingo, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Johnny Sins, Lexington Steele en Bruce Venture.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Summer Brielle is blank, mei blauwe eagen en blond hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.72 m lang, mei in gewicht fan 57 kg. Foar har kupmaat 34G ûndergie se yn 2011 in boarstfergruttingsoperaasje. Foartiid hie se in B-kup. Behalven piercings troch har earlellen hat Brielle ek in nâlpiercing. Fierders hat se tatoeaazjes oan 'e binnenkant fan har lofterpols, op har ûnderrêch en op har lofterside. Yn 2013 joech se oan spyt te hawwen dat se har tatoeaazjes nommen hie en fertelde se dat se fan doel wie om se allegear fuorthelje te litten.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

JierPriisResultaatKategoryFoar har optreden yn
2014NightMoves Awardnominearrebêste boarsten (redakteurskar)n.f.t.
nominearrebêste boarsten (publykspriis)n.f.t.
TLA Raw Awardnominearrebêste nijynkommelingen.f.t.
Xbiz Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.
2015AVN Awardnominearrebêste soloseksêne9½ Weeks: An Erotic XXX Parody
nominearrebêste P.O.V.-sekssêneTease Me POV
nominearrebêste groepsekssêne (mei Alektra Blue, Dahlia Sky, Chanel Preston, Romi Rain, Mick Blue, Erik Everhard en Ramon Nomar)Orgy Masters 4
nominearrebêste groepsekssêne (mei Asa Akira, Sophia Fiore, Remy Lacroix, Kaylani Lei, Samantha Saint, Brad Armstrong, Bill Bailey,
James Deen, Eric Masterson en Mr. Pete)
Holly... Would
nominearrebêste aktrise fan jier (publykspriis)n.f.t.
NightMoves Awardnominearrebêste boarsten (redakteurskar)n.f.t.
nominearrebêste boarsten (publykspriis)n.f.t.
nominearrebêste milf (redakteurskar)n.f.t.
nominearrebêste milf (publykspriis)n.f.t.
Xbiz Awardnominearrebêste aktrise yn in filmparody9½ Weeks: An Erotic XXX Parody
nominearrebêste aktrise yn in parodysêne9½ Weeks: An Erotic XXX Parody
2016AVN Awardnominearrebêste groepsekssênePrince the Punisher
nominearrebêste kont (publykspriis)n.f.t.
nominearremeast seksy milf (publykspriis)n.f.t.
nominearrebêste mediastjer (publykspriis)n.f.t.
Xbiz Awardnominearrebêste gonzosênePrince the Punisher

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: