Nikki Benz

Nikki Benz, echte namme: Alla Montchak (11 desimber 1981), is in Oekraynsk-Kanadeesk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise. Hja waard berne yn 'e Oekraïne, doedestiden noch de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk, in dielsteat fan 'e Sovjet-Uny, mar hja groeide op yn Toronto, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario.

Nikki Benz
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAlla Montchak
nasjonaliteit Oekraynsk
Kanadeesk
berne11 desimber 1981
berteplak? (de Oekraïne)
etnisiteit Oekraynsk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf2003 – no
offisjele webside
www.nikkibenz.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Nikki Benz yn 2009.

Nikki Benz begûn as topless foto- en kalindermodel en fûn al rillegau wurk as stripper. Se bedarre yn 'e pornoyndustry troch yn 2002 út harsels kontakt op te nimmen mei in pornoregisseur. Se tekene yn jannewaris 2003 in kontrakt foar in jier mei Pleasure Productions en makke har debút yn in pornografyske film datselde jiers, earst yn in lesbyske sêne mei Gina Lynn yn Strap On Sally 20, en dêrnei yn in heteroseksuële sêne mei akteur Ben English yn The Sweetest Thing. Doe't har kontrakt ôfrûn, ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, en dêr't se bêste freondinnen waard mei har kollega-pornoaktrise Puma Swede. Yn septimber 2004 sleat se in kontrakt ôf mei Jill Kelly Productions (JKP), mar in jier letter, yn 2005, stapte se oer nei TeraVision. Sûnt 2003 hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn teminsten 185 films spile.

Njonken har aktearwurk posearret Nikki Benz ek foar neakenblêden. Sa hat se yn 'e Penthouse, High Society, Fox, OUI, Chéri, Hustler, Club en Club International stien. Se wie de covergirl fan 'e Penthouse yn maaie 2008, de Penthouse Pet fan 'e moanne yn april 2010, en boppedat de Penthouse Pet fan it Jier yn 2011. Fierdersoan presintearre se in hoartsje in tillefyzjeshow op it kabelkanaal KSEX, mei as titel Contract Superstars, yn 'e mande mei Lacey Heart, Ashley Steele, Stormy Daniels en Tyler Faith, mar hold dêrmei op om't se der nei eigen sizzen gjin tiid mear foar hie. Yn 'e mande mei Lisa Ann en Sean Michaels presintearre Nikki Benz yn april 2010 ek de útrikking fan 'e XRCO Awards.

Nikki Benz hat ûnderskate kaméoroltsjes hân yn mainstream-útstjoerings en -publikaasjes (soks neamt men yn 'e pornoyndustry in crossover). Sa spile se in pear kear in sarkastyske grappen meitsjende skjinmakster yn it programma Cubed, op FoxSports.com. Ek hie se in lyts roltsje yn it filmdrama My Trip Back to the Dark Side, fan Emmy Award-winner en regisseur Shane Stanley, út 2013. Hja wie ek te sjen yn 'e fideoklip fan it nûmer Lose Yourself, dat de titelsong fan My Trip Back to the Dark Side is. En ta ein beslút komt se wiidweidich yn byld yn it fideospultsje Saints Row - The Third - The Penthouse Pack, dat útbrocht is troch Volition.

Ein maaie 2014 stelde Benz har kandidaat foar it boargemasterskip fan 'e Kanadeeske metropoal Toronto, wêrfoar't yn oktober ferkiezings holden wurde sille, as alternatyf foar de flokkende en mâltjirgjende, komasûpende en cracksmokende sittende boargemaster Rob Ford.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Nikki Benz yn 2007.
JierPriisResultaatKategoryFoar har optreden yn
2006AVN Awardnominearrebêste fideosekssêne fan in pearkeTake No Prisoners
nominearrebêste byrol fan in aktrise op fideoJack's Teen America 2
nominearrebêste striptiis-actTake No Prisoners
2008AVN Awardnominearrebêste triosekssêneMeet the Fuckers
FAME Awardfinalistemeast seksy lichemn.f.t.
2010Xbiz Awardnominearrepornostjerwebside fan it jiern.f.t.
nominearreartyste fan it jiern.f.t.
nominearrecrossover-stjer fan it jiern.f.t.
AVN Awardnominearrebêste lesbyske triosekssênePenthouse: Slave for a Night
FAME Awardfinalistemeast seksy lichemn.f.t.
finalisteleaflingsboarstenn.f.t.
2011Penthouse PetwûnPenthouse Pet fan it Jiern.f.t.
2012AVN Awardnominearrebêste crossover-stjern.f.t.
Howard Stern syn radioprogrammawûnHoward Stern syn sterkste neakene frou fan 'e wrâldn.f.t.
NightMoves Awardwûnbêste stripklubartyste (publykspriis)n.f.t.
2013Xbiz Awardnominearrebêste crossover-stjer fan it jiern.f.t.
AVN Awardnominearrebêste pornostjerwebside fan it jiern.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.