Neve Campbell

Neve Campbell (útspr.: [nɛv 'kæ.mbəl], likernôch "nev kêmbl"; folút: Neve Adrianne Campbell; Guelph (Ontario), 3 oktober 1973) is in Kanadeesk aktrise en balletdûnseresse fan mingd Joadsk-Skotsk etnysk komôf. Yn har eigen lân krige hja yn 1992 bekendheid mei har rol yn 'e tillefyzjerige Catwalk, foar't se yn 1994 ynternasjonaal trochbriek as Julia Salinger yn 'e searje Party of Five. Neitiid spile se û.m. yn films as The Craft, de Scream-rige en Wild Things. Sûnt 2000 is se benammen aktyf op it toaniel en spile se dêrnjonken yn in stikmannich filmhûsfilms dy't troch de resinsinten mei loovjende kritiken ûntfongen waarden, mar net folle publyk loeken.

Neve Campbell
akteur
Neve Campbell yn 2015.
Neve Campbell yn 2015.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeNeve Andrianne Campbell
nasjonaliteit Kanadeesk
berne3 oktober 1973
berteplakGuelph (Ontario)
etnisiteit Joadsk
Skotsk
jierren aktyf1991 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Campbell waard yn 1973 berne yn Guelph, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, as de iennichste dochter yn in ymmigrantegesin mei fjouwer bern. Har heit, toaniellearaar Gerry Campbell, is in Skotske ymmigrant út Glasgow wei, wylst har mem, yoga-ynstruktrise en psychologe Marnie Neve, yn Amsterdam berne waard. Campbell har pake en beppe oan memmekant runden yn Nederlân in teäterselskip, wylst har pake en beppe oan heitekant krektlyk yn it artystefak sieten. Fia har mem stammet Campbell ôf fan Sefardyske Joaden dy't yn 1497 út Portegal ferdreaun waarden en har doe as balling yn 'e Nederlannen fêstigen. Generaasjes yn it ferline hat de famylje him op in stuit ta it roomsk-katolisisme bekeard, en yn dy religy is Campbell grutbrocht. Sels sei se dêroer: "Ik bin in praktisearjend katolyk, mar ik kom út in line fan Joaden, dus as my frege wurdt oft ik Joadsk bin, dan sis ik fan ja."

Neve Campbell yn 1997.

Campbell hat trije bruorren: Christian, Alex en Damian. Har âlden skieden doe't se noch mar twa jier wie, wêrnei't sysels en Christian meast by har heit wennen. Doe't Campbell mei seis jier in opfiering fan it ballet De Nutekreaker seach, besleat se dat se ballerina wurde woe. Dêrta liet se har ynskriuwe oan 'e Erinvale School of Dance, dêr't se trije jier lang lessen folge. Mei njoggen jier gie se nei it ynternaat fan 'e Nasjonale Balletskoalle fan Kanada, dêr't se foltiids trening en ûnderrjocht genoat en optrede yn opfierings fan De Nutekreaker en Toarnroaske. Nei't se ferskate kearen blessearre en in kear oerspand rekke wie, feroare se mei fyftjin jier fan karriêre troch har tenei ta te lizzen op aktearjen. Datselde jiers noch spile se yn The Phantom of the Opera yn it Canon Theatre yn Toronto, wylst se yn har berteplak Guelph de middelbere skoalle folge.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Yn 1991 wie Campbell foar it earst op 'e tillefyzje te sjen yn in reklamespotsje foar Coca-Cola. Har earste haadrol yn in tillefyzjesearje hie se as Daisy yn 'e jongereinrige Catwalk (1992-1994), dêr't se yn Kanada in beskate bekendheid mei krige. Nei ferskate gastrollen yn oare searjes briek se yn 1994 ynternasjonaal troch mei har rol as Julia Salinger yn 'e Amerikaanske dramarige Party of Five, mei û.o. Lacey Chabert en Jennifer Love Hewitt, oer it wol en wee fan in gesin besteande út fiif bruorren en susters fan wa't de âlden by in auto-ûngemak om it libben kommen wiene. Dy searje rûn oant en mei 2000.

Yn 1996 hie Campbell har earste grutte filmrol yn The Craft. Datselde jiers spile se de haadrol (as Sidney Prescott) yn 'e horrorfilm Scream, dy't in ûnbidich súkses waard mei in opbringst fan $173 miljoen. Campbell wûn der in Saturn Award yn 'e kategory bêste aktrise mei, en der waarden trije ferfolgen op makke dy't ek tige súksesfol wiene: Scream 2 yn 1997 ($170 miljoen), Scream 3 yn 2000 ($160 miljoen), en Scream 4 yn 2011 ($97 miljoen). Foar har optreden yn it twadde diel fan 'e rige wûn se de MTV Movie Award foar bêste aktrise. Fierders spile Campbell yn 1998 yn 'e a-typyske skriller Wild Things, wêryn't se ûnder mear in opsjochjaande frijsêne mei Denise Richards hie. Oare films fan harres út dy snuorje wiene û.m. 54 (1998) en Three to Tango (1999). Dêrnjonken liende se yn 'e tekenfilm The Lion King II: Simba's Pride har stim oan Simba en Nala harren dochter Kiara.

Fanôf likernôch de milenniumwiksel spile Campbell yn ferskate films dy't mar op in beheind tal plakken draaiden, mar dy't troch de resinsinten tige by tige wurdearre waarden. Dêrûnder wiene Panic (2000), mei William H. Macy en Donald Sutherland, Last Call (2002), mei Sissy Spacek en Jeremy Irons, en fierders The Company (2003), oer it Joffrey Balletselskip fan Chicago, en de ûnôfhinklike film When Will I Be Loved (2004).

Neve Campbell yn 2009.

Yn 2006 ferfear Campbell nei Grut-Brittanje, dêr't se yn maart fan dat jier foar it earst op 'e planken stie yn it Londenske West End, yn it stik Resurrection Blues, mei û.o. Matthew Modine en Maximilian Schell. Yn 'e folgjende jierren spile se yn ferskate toanielstikken yn teäters yn it West End. Letter spile se noch yn ferskillende films, en teffens hie se gastrollen yn tillefyzjesearjes as Medium, The Philanthropist, Grey's Anatomy en Mad Men. Ek wie se as stimaktrise belutsen by in ôflevering fan The Simpsons. Yn 2013 hie Campbell fierders noch de haadrol yn 'e tillefyzjefilm An Amish Murder, wêryn't se in plysjeresjersjeur spile dy't thúskomt yn har eigen Amish-mienskip, jierren nei't se in brute massamoard oerlibbe hat.

Yn 2015 hie Campbell in gastrol yn 'e rige Manhattan. Fan it fjirde seizoen ôf, dat yn 2016 útbrocht waard, hie se in weromkearende rol as LeAnn Harvey yn 'e populêre dramasearje House of Cards fan Netflix. Yn 2018 wie se de tsjinspylster fan Dwayne Johnson yn 'e aksjefilm Skyscraper. Fierders wie Campbell dat jiers ek te sjen yn 'e ûnôfhinklike film Hot Air. Yn 2019 spile se yn 'e Kanadeeske dramafilm Castle in the Ground. Njonken har aktearwurk hat Campbell ek ferskate kearen as presintatrise yn 't spier west.

Priveelibben bewurkje seksje

Campbell hat twaris troud west: fan 1995 oant 1998 mei de Kanadeeske barkeeper en akteur Jeff Colt, en fan 2007 oant 2011 mei de Ingelske akteur John Light. Neitiid krige Campbell in relaasje mei de Amerikaanske akteur JJ Feild, mei wa't yn augustus 2012 in soan krige, dy't Caspian neamd waard.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1991My Secret Identitystudintenet fermelden op 'e ôftiteling; ôfl. Pirate Radio
1992The Kids in the HallLaura Capelliôfl. 3.13
1992CatwalkDaisy McKenzie4 ôfl.
1994I Know My Son is AliveBethtillefyzjefilm
1994The Forget-Me-Not MurdersJess Foytillefyzjefilm
1994Are You Afraid of the Dark?Nonnie Walkerôfl. Tale of the Dangerous Soup
1994Kung Fu: The Legend ContinuesTrish Collinsôfl. Kundela
1994Aventures dans le Grand NordNepeeseôfl. Bari
1994–2000Party of FiveJulia Salinger142 ôfl.
1995MADtvJulia Salingerôfl. 1.6
1996The Canterville GhostGinny Otistillefyzjefilm
1997Saturday Night Liveharselsas presintatrise; ôfl. Neve Campbell/David Bowie
2002Last CallFrances Krolltillefyzjefilm
2005Reefer MadnessMiss Poppytillefyzjefilm
2007MediumDebra3 ôfl.
2008Burn UpHolly2 ôfl.
2009The PhilanthropistOlivia Maidstone8 ôfl.
2009Sea WolfMaud Brewsterminysearje
2009The SimpsonsCassandraas stimaktrise; ôfl. Rednecks and Broomsticks
2012Titanic: Blood and SteelJoanna6 ôfl.
2012Grey's Anatomydokter Lizzie Shepherd2 ôfl.
2013An Amish MurderKate Burkholdertillefyzjefilm
2014Mad MenLee Cabotôfl. Time Zones
2015Welcome to SwedenDiane4 ôfl.
2015ManhattanKitty Oppenheimer2 ôfl.
2016–2017House of CardsLeAnn Harvey26 ôfl.
films
1993The Darkplysje Jesse Donovan
1994Paint CansTristesse
1994The Passion of John RuskinEffie Graykoarte film
1996Love ChildDeidre
1996The CraftBonnie Harper
1996ScreamSidney Prescott
1997Scream 2Sidney Prescott
1998Wild ThingsSuzie Marie Toller
199854Julie Black
1998HairshirtRenée Weber
1998The Lion King II: Simba's PrideKiaraas stimaktrise
1999Three to TangoAmy Post
2000Drowning MonaEllen Rash
2000PanicSarah Cassidy
2000Scream 3Sidney Prescott
2002Investigating SexAlice
2003Lost JunctionMissy Lofton
2003The CompanyLoretta "Ry" Ryanek senarioskriuwster en filmprodusinte
2003Blind HorizonChloe Richards
2004When Will I Be LovedVera Barrie
2004Churchill: The Hollywood Yearsprinsesse Elizabeth
2006Relative StrangersEllen Minola
2007PartitionMargaret Stilwell
2007I Really Hate My JobAbi
2007Closing the RingMarie
2008Agent CrushCassieas stimaktrise
2011Scream 4Sidney Prescott
2011The Glass ManJulie Pyrite
2015WalterAllie
2018SkyscraperSarah Sawyer
2018Hot AirValerie Gannon
2019Castle in the GroundRebecca
2020CloudsLaura Sobiech

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.