Mila Kunis

Mila Kunis (folút: Milena Markovna Kunis; Oekraynsk: Милена Марківна Куніс, sekuere transliteraasje: Myljena Markivna Kunis; Russysk: Милена Марковна Кунис, sekuere transliteraasje: Miljena Markovna Kunis; Tsjernivtsi (Oekraïne),[1][2][3] 14 augustus 1983) is in Amerikaansk aktrise fan etnysk Joadsk komôf. Hja waard fan 1998 ôf bekend yn 'e rol fan Jackie Burkhart yn 'e komeedzjesearje That '70s Show. Ek is se as stimaktrise by de populêre animaasjesearje Family Guy belutsen, wêrby't se de teksten fan dochter Meg Griffin ynsprekt. Sûnt 2008 is se dêropta as filmaktrise aktyf, mei rollen yn û.m. Forgetting Sarah Marshall, Black Swan, Friends with Benefits en Ted.

Mila Kunis
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMilena Markovna Kunis
nasjonaliteit Oekraynsk
Amerikaansk
berne14 augustus 1983
berteplakTsjernivtsi (Oekraïne)
etnisiteit Joadsk
jierren aktyf1994 – no
prizenSaturn Award 2011
offisjele webside
Mila Kunis yn 'e IMDb

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Kunis waard yn 1983 berne yn in Joadsk gesin yn Tsjernivtsi, yn 'e Oekraïne (doe noch part fan 'e Sovjet-Uny), in stêd dy't yn 'e Karpaten leit, net fier benoarden de Roemeenske grins. Har heit Mark Kunis is in meganisiên, dy't no wurket as taksysjauffeur, en har mem Elvira is in natuerkundeleararesse dy't no in apteek runt. Kunis hat in âldere broer dy't fan Michael hjit en berne is yn 1976. Yn 1991, doe't se sân jier âld wie, emigrearre Kunis mei har âlden en broer nei de Feriene Steaten. De redens dêrfoar wiene dat har âldelju yn 'e Oekraïne op ekonomysk mêd gjin takomst seagen, en teffens spile it oanboazjende antysemitisme yn 'e eardere Sovjet-Uny in rol by dy beslissing.

Mila Kunis yn 2009.

It gesin sette him nei wenjen yn Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Kunis ûnderfûn troch de emigraasje in slimme kultuerskok, en hat yn fraachpetearen oanjûn dat se har net folle fan it earste jier yn 'e Feriene Steaten tebinnenbringe kin, útsein dat it in ellindige tiid foar har wie. Se begriep neat fan 'e Amerikaanske kultuer en ferstie gjin wurd Ingelsk, dat it fielde foar har krekt as wie se blyn en dôf wurden. Uteinlik learde se de taal lykwols en akklimatisearre se ta de kultuer. Se folge de middelbere skoalle yn Los Angeles, oant se trochbriek mei har rol yn That '70 Show. Dêrnei learde se foar it meastepart troch in priveelearaar dy't har op 'e set fan dy searje ûnderwiis joech.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Doe't se njoggen jier wie, waard Kunis troch har heit ynskreaun foar aktearlessen. By har earste audysje, foar in Barbie-reklame, wie it daliks rekke en krige se de rol. Ferskate oare reklamespotsjes folgen. Har earste tillefyzjerol hie Kunis yn 1994, yn 'e soapsearje Days of Our Lives. Koarte tiid letter hie se in gastroltsje yn 'e searje Baywatch, en yn 1995 folge har earste filmrol, yn Make a Wish, Molly. Yn 1996 en 1997 hie se in lyts roltsje yn 'e searje 7th Heaven. Fierders hie se yn dy tiid in gastrol yn 'e plysjesearje Walker, Texas Ranger en rollen yn films as Piranha (1995), Santa with Muscles (1996), Honey, We Shrunk Ourselves (1997) en Gia (1998).

Yn 1998 waard Kunis cast yn 'e rol fan 'e kreaze mar ekstreem egoïstyske Jackie Burkhart, yn 'e komeedzjesearje That '70s Show, oer in groep ferfeelde tiners op it plattelân fan Wiskonsin yn 'e 1970-er jierren. Alle akteurs moasten teminsten achttjin jier wêze; Kunis, dy't fjirtjin wie, sei by har audysje dat se achttjin wurde soe (mar net wannear). Hoewol't de produsinten úteinlik útfigelearren wat se bedoelde, wiene se sa ûnder de yndruk fan har aktearprestaasje dat se har likegoed oannamen. That '70s Show wie tige súksesfol en rûn acht seizoenen lang, fan 1998 oant 2006. Foar Kunis en de oare jonge akteurs (Topher Grace, Ashton Kutcher, Danny Masterson, Laura Prepon en Wilmer Valderrama) foarme de searje de trochbraak. Kunis waard foar de rol fan Jackie Burkhart trije kear nominearre foar in Young Artist Award en fiif kear foar in Teen Choice Award.

Mila Kunis yn 2012.

Yn 1999 ferfong Kunis Lacey Chabert as stimaktrise yn 'e populêre tekenfilmrige Family Guy, fan Seth MacFarlane. Dy searje rint noch altyd en Kunis lient dêryn har stim oan it personaazje Meg, de dochter fan it gesin Griffin. Underwilens sette hja ek har wurk as filmaktrise fuort. Yn 2001 spile se yn Get Over It, mei Kirsten Dunst, en it jiers dêrop wie se te sjen yn 'e flopte horrorfilm American Psycho 2, mei William Shatner. Letter hie se ek rollen yn films as After Sex, Moving McAllister en Boot Camp, dy't alletrije útbrocht waarden yn 2007. As filmaktrise kaam Kunis har trochbraak yn 'e komeedzje Forgetting Sarah Marshall, yn 2008. Datselde jiers spile se hiermoardneresse Mona Sax yn 'e aksjefilm Max Payne, mei Mark Walhberg as tsjinspiler. Hoewol't dy film in finansjeel súkses wie, fûnen de measte resinsinten dat Kunis dêryn miscast wie.

Better waard har rol yn 'e komeedzje Extract (2009) ûntfongen, wêryn't se Ben Affleck en Jason Bateman as tsjinspilers hie. Yn 2010 spile Kunis fierders mei Denzel Washington yn 'e aksjefilm The Book of Eli, dy't útinoar rinnende resinsjes krige. Foar har fertolking fan 'e rol fan balletdûnseresse Lily, de aartsrivale fan it haadpersonaazje (spile troch Natalie Portman), yn 'e psychologyske skrillerfilm Black Swan (2010) krige Kunis lykwols in protte lof. Se wûn der in Saturn Award mei yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise, en teffens de Marcello Mastroianni Award op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje. Fierders waard se nominearre foar û.m. in Golden Globe en twa Screen Actors Guild Awards. Foar dizze rol ûndergie Kunis in treningsprogramma dat û.m. in dieet fan 1.200 kaloryen deis en sân dagen yn 'e wike fjouwer oeren balletles omfieme. Under dy trening rûn se ferskate blessueres op, lykas in skuorde piis en in skouder út it potsje.

Yn 2011 spile Kunis mei Justin Timberlake yn 'e romantyske komeedzje Friends with Benefits, dy't in grut kommersjeel súkses waard. In jier letter wie se mei Mark Walhberg te sjen yn 'e komeedzje Ted, dy't skreaun wie troch Family Guy-skepper Seth MacFarlane. Dy film, oer in libbene teddybear en syn minsklike (no folwoeksen) eigner, waard goed ûntfongen troch de krisisy en wie ek in grut finansjeel súkses. Lettere films dêr't Kunis yn spile, wiene û.m. Oz the Great and Powerful (2013), Blood Ties (2013) en Third Person (2013), mei Liam Neeson en Olivia Wilde. Yn 2015 wie se te sjen yn 'e science fiction-rôlprint Jupiter Ascending, en yn 2016 spile se mei Kirsten Bell en Christina Applegate yn 'e komeedzje Bad Moms, dêr't it jiers dêrop in ferfolch op makke waard, A Bad Moms Christmas. Yn 2018 hie se mei Kate McKinnon de haadrol yn 'e spionaazje-aksjekomeedzje The Spy Who Dumped Me.

Mila Kunis yn 2008.

Priveelibben bewurkje seksje

Kunis hat heterochromia iridum, in ôfwiking dy't in kleurferskil ynhâldt tusken de iris fan it lofter- en rjochtereach. Kunis har rjochtereach is griis/blau en har loftereach is ljochtbrún/grien. Yn 2011 makke se bekend dat se troch dizze ôfwiking in groanyske foarm fan 'e eachkrupsje iritis hat, dy't derfoar soarge hie dat se in pear moannen earder blyn wurden wie yn ien each. Underwilens hie se in operaasje ûndergien om it probleem te ferhelpen.

Yn novimber 2011 beselskippe Kunis sersjant Scott Moore nei in bal fan it Amerikaanske Korps Mariniers yn Greenville, nei't dy har fia in YouTube-filmke útfrege hie wylst er noch legere wie yn Afganistan. Fan 2002 oant begjin 2011 hie Kunis in relaasje mei kollega-akteur Macaulay Culkin, mei wa't se noch altyd befreone is. Yn april 2012 begûn se in nije relaasje mei hat Ashton Kutcher, dy't krekt as sysels bekend wurden is troch syn rol yn That '70s Show. Kunis en Kutcher ferloofden har yn febrewaris 2014, en trouden yn july 2015 yn Oak Glen. Yn oktober 2014 skonk Kunis it libben oan harren dochterke Wyatt Isabelle, en yn juny 2016 waard befêstige dat Kunis op 'e nij swier is.

Kunis is in oanhingster fan 'e Demokratyske Partij en hat har yn 2008 en 2012 ynset foar de ferkiezing fan Barack Obama ta presidint fan de Feriene Steaten. Se is in útsprutsen kritikaster fan 'e Republikeinske Partij en hat û.m. oanjûn dat se har misledige fielt troch de wize dy't Republikeinen foar de moade hawwe om oer froulju te praten. Fierders hat se it der likemin op stean dat de Republikeinen allegeduerigen Jezus Kristus oeral by helje.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1994Days of Our Livesde jonge Hope Williamsflashback; 1 ôflevering
1994BaywatchAnnieôflevering Aftershock
1995The John Larroquette ShowLucy Sanchezôflevering The Defiant One
1995PiranhaSusie Grogantillefyzjefilm
1995Hudson StreetDevonôflevering Here's Just Looking at You, Kid
1995BaywatchBonnieôflevering Hot Stuff
1996Unhappily Ever AfterChloeôflevering In the Stars
1996–1997Nick Freno: Licensed TeacherAnna-Maria Del Bono5 ôfleverings
1996–19977th HeavenAshley4 ôfleverings
1997Walker, Texas RangerPepperôflevering Last Hope
1998Giade jonge Gia Carangitillefyzjefilm
1998Pensacola: Wings of GoldJessie Kerwoodôflevering Company Town
1998–2006That '70s ShowJackie Burkhartfêste rol; 200 ôfleverings
3× nominearre foar in Young Artist Award
5× nominearre foar in Teen Choice Award
1999–2003 &   
2005-no
Family GuyMeg Griffinas stimaktrise; fêste rol
nominearre foar in Annie Award foar bêste stimakteur yn in tekenfilmsearje (2007)
2000–2002Get RealTaylor Vaughn2 (net-útstjoerde) ôfleverings
2002MADtvDaisyôflevering 8.7
2004Grounded for LifeLana2 ôfleverings
2005Punk'dharselsôflevering 5.6
2005–2011Robot Chickenferskaat15 ôfleverings
2009The Cleveland ShowMeg Griffinas stimaktrise; ôflevering Pilot
2010The Late Late Show with Craig Ferguson   Snooki Polizziôflevering 6.85
2011Sesame Streetharselsôflevering The Good Bird's Club
2011Good Vibesharselsas stimaktrise; ôflevering Red Tuxedo
2014Two and a Half MenVivianôflevering Lan Mao Shi Zai Wuding Shang
2017The Bacheloretteharselsgast yn in realityprogramma
2019The Ellen DeGeneres Showharselsgastpresintatrise fan in praatprogramma
films
1996Santa with MusclesSarah
1997Honey, We Shrunk OurselvesJill
1998Krippendorf's TribeAbbey Tournquist
1998MiloMarticenet fermeld op 'e ôftiteling
2001Get Over ItBasin
2002American Psycho 2Rachael Newman
2004Tony n' Tina's WeddingTina Nunzio
2005Stewie Griffin: The Untold StoryMeg Griffinas stimaktrise
2007After SexNikki
2007Moving McAllisterMichelle McAllister
2008Boot CampSophie
2008Forgetting Sarah MarshallRachel Jansennominearre foar in Teen Choice Award foar bêste trochbraakrol fan in aktrise
2008Max PayneMona Saxnominearre foar in Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in aksjeaventoerefilm
2009ExtractCindy
2010The Book of EliSolaranominearre foar in Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in aksjeaventoerefilm
2010Date NightWhippit
2010Black SwanLilynominearre foar in Golden Globe foar bêste byrol fan in aktrise
nominearre foar in SAG Award foar bêste byrol fan in aktrise
nominearre foar in SAG Award foar bêste cast
nominearre foar in MTV Movie & TV Award foar bêste tút (mei Natalie Portman)
nominearre foar in Teen Choice Award foar froulike sênesteller
nominearre foar in Teen Choice Award foar bêste tút (mei Natalie Portman)
wûn de Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise
wûn de Marcello Mastroianni Award (foar bêste jonge aktrise) fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje
2011Friends with BenefitsJamie Rellisnominearre foar in People's Choice Award foar favorite aktrise yn in komeedzjefilm
nominearre foar in Teen Choice Award foar bêste froulike simmerfilmstjer
nominearre foar in Rembrandt Award foar bêste ynternasjonale aktrise
2012TedLori Collinsnominearre foar in MTV Movie & TV Award foar bêste froulik optreden
nominearre foar in MTV Movie & TV Award foar bêste tút (mei Mark Wahlberg)
2012The Color of TimeCatherine Mauger
2013Oz the Great and PowerfulTheodora, the Wicked Witch of the West   nominearre foar in MTV Movie & TV Award foar bêste smjunt
nominearre foar in Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in science fiction- of fantasyfilm
2013Blood TiesNatalie
2013Third PersonJulia Weiss
2014The Angriest Man in BrooklynSharon Gillek útfierend produsinte
2014AnnieAndrea Alvincameo
2015Jupiter AscendingJupiter Jonesnominearre foar in Teen Choice Award foar bêste aktrise yn in science fiction- of fantasyfilm
2015Hell and BackDeemaas stimaktrise
2016Bad MomsAmy Mitchell
2017A Bad Moms ChristmasAmy Mitchellek útfierend produsinte
2018The Spy Who Dumped MeAudrey Stockmannominearre foar in People's Choice Award foar favorite komeedzjefilmstjer
2019Wonder ParkGretaas stimaktrise
2020Four Good DaysMolly
2020Breaking News in Yuba CountyNancy
2022Luckiest Girl AliveAni Fanelli
fideospultsjes
2006Saints RowTanya Wintersas stimaktrise
2006Family Guy Video Game!Meg Griffinas stimaktrise
2012Family Guy: Back to the MultiverseMeg Griffinas stimaktrise
2014Family Guy: The Quest for StuffMeg Griffinas stimaktrise
fideoklips
1999In the Street fan Cheap Trick
2000The Itchfan Vitamin C
2001Rock and Roll All Nitefan Kiss
2001Jadedfan Aerosmith
2003The End Has No Endfan The Strokes
2008LA Girls fan Mams Taylor featuring Joel Madden

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ukrainian Jews, Bible Discovered
  2. (Oekraynsk) Міла Куніс зіграє у трилері ”Чорний лебідь”, Gazeta.ua (August 13, 2009)
  3. 'EXTRACT' STAR MILA KUNIS ON HER RUSSIAN ROOTS, YouTube

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.