Kathy Bates

Kathleen Doyle Bates (Memphis, 28 juny 1948) is in Amerikaanske aktrise en tillefyzjeregisseur.

Kathy Bates
akteur
Kathy Bates yn 2015
Kathy Bates yn 2015
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKathleen Doyle Bates
nasjonaliteit Amerikaansk
berne28 juny 1948
berteplakMemphis
jierren aktyf1971 – no
offisjele webside
IMDb
Moviemeter

Bates studearre toaniel oan de Southern Methodist University en ferhûze neitiid nei New York foar in karriêre as aktrise. Hja krige ynearsten lytse rollen oant hja keazen waard foar har earste rol op it doek yn Taking Off (1971). Har earste optreden yn in lytsskalige teäterproduksje wie yn 1976. Yn de jierren 1970 en oant it begjin fan de jierren 1980 bleau hja aktyf op it poadium. Yn 1983 waard Bates nominearre foar in Tony Award as bêste haadrolspylstyer yn in toanielstik foar har rol yn 'night, Mother en yn 1988 wûn hja in Obie Award foar har prestaasje yn Frankie en Johnny in the Clair de Lune.

Har rol as Annie Wilkes yn de psychologyske thriller Misery (1990) betsjutte har grutte trochbraak yn Hollywood. Dy rol levere har de Academy Award op foar de bêste aktrise. Mear erkenning folge yn haar rollen yn Dolores Claiborne (1995), The Waterboy (1998), Fried Green Tomatoes (1991) en Titanic (1997). Oskar-nominaasjes folgen foar har bydragen oan Primary Colors (1998), About Schmidt (2002) en Richard Jewell (2019). Foar har tillefyzjewurk is hja in grut tal kearen nominearre foar in Emmy Award.

Njonken aktearwurk is Bates ek warber as regisseur.

Yn 1991 troude Bates mei Tony Campisi, by wa't hja yn 1997 wei gyng. Bates is lid fan de United Methodist Church en de Demokratyske Partij.

JierTitel (Alternative titel)Rol
1971Taking OffAudysje sjongeres
1978Straight TimeSelma Darin
1982Come Back to the Five and Dime, Jimmy Dean, Jimmy DeanStella Mae
1983Two of a Kindfrou fan de meubelferkeaper
1989Roe vd WadeJessie
1989No Place Like HomeBonnie Cooper
1990White PalaceRosemary Powers
1990MiseryAnnie Wilkes
1991Shadows and FogProstitué
1991At Play in the Fields of the LordHazel Quarrier
1991Fried Green TomatoesEvelyn Couch
1991The Road to MeccaElsa Barlow
1992Prelude to a KissLeah Blier
1992Used PeopleBibby Berman
1993A Home of our TownFrances Lacey
1994NorthAlaskan mom
1995Dolores ClaiborneDolores Claiborne
1995AngusMeg Bethune
1996DiaboliqueShirley Vogel
1996The War at HomeMaureen Collier
1997TitanicMolly Brown
1997Swept from the SeaFrou Swaffer
1998Primary ColorsLibby Holden
1998The WaterboyHelen Boucher
1998A Civil Actionrjochter
1999Annie
2000BrunoOerste
2001American Outlaws'Ma' James
2001Rat RaceIikhoarnfrou
2002About SchmidtRoberta Herzel
2002DragonflyFrou Belmont
2002Love LizaMary Ann Bankhead
2002My Sister's KeeperChristine
2002Unconditional LoveGrace Beasley
2002Who Shot Victor Fox
2003The Tulsa Luper Suitcases: The Moab Story
2004Little Black BookKippie Kann
2004Around the World in 80 Dayskeninginne Victoria
2005Rumor Has It...muoike Mitsy
2006Have Mercy
2006Solacefrou fan Marrow
2006BonnevilleMargene
2006Relative StrangersAgnes Menure
2006Failure to LaunchSue
2006Charlotte's WebBitsy de Ko
2007Bee MovieJanet Benson
2007Fred Clausmem fan Fred en Santa Claus
2007The Golden CompassHester
2007P.S. I Love YouPatricia
2008The Family that Preys Charlotte Cartwright
2008The Day the Earth Stood StillRegina Jackson
2009AliceHertenkeninginne
2009ChériCharlotte Peloux
2009The Blind SideSue
2009Personal EffectsGloria
2010-2011The Office USJo Bennet
2011-2012Harry's LawHarriet Korn
2011Midnight in ParisGertrude Stein
2013-2014American Horror Story: CovenDelphine LaLaurie
2014BoychoirManager fan de skoalle
2014-2015American Horror Story: FreakshowEthel Darling
2014-2016American Horror Story: HotelIris
2016American Horror Story: RoanokeAgnes Mary Winstead
2016Bad Santa 2Sunny Soke
2017KrystalVera
2018The Death and Life of John F. DonovanBarbara Haggermaker
2017DisjointedRuth
2018On the Basis of SexDorothy Kenyon
2019The HighwaymenMiriam Ferguson
2019Richard JewellBobi Jewell
2020HomeBernadette

Underskiedings (kar-út)

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.