Wadowice

Wadowice (Dútsk: Wadowitz) is in lytse stêd yn it suden fan Poalen (woiwodskip Lyts-Poalen), sa'n 50 km fan Krakau mei 19.192 ynwenners (2015), oan de rivier Skawa, yn it eastlik diel fan it Silezysk Plato.Wadowice is fral bekend as berteplak fan Karol Józef Wojtyła, Paus Johannes Paulus II.

Wadowice
FlaggeWapen
Polityk
Lân Poalen
ProvinsjeLyts-Poalen
GemeenteWadowice
Sifers
Ynwennertal19.192 (2015)
Oerflak10,63 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens± 1.500 / km²
Stêdekloft38.152 (2015)
Hichte250 - 318 m
Oar
Stifting14e iuw, stedsrjochten yn 1430
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
WebsideOffisjeel webstee
Lizzing fan Wadowice

Wadowice is hjoed de dei yn it foarste plak in toeristesintrum, mar ek in plak mei lytse yndustrieën lykas masineproduksje, fiedselferwurking en it meitsjen fan boumaterialen.