Tanner Mayes

Tanner Mayes, echte namme: Jillian Courtney Glover (Adrian (Michigan), 31 maaie 1989), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, pornografysk aktrise en kollumniste fan Kostarikaansk komôf, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Tanner Mays, Tanner Maze, Tanner Mayberry, Evangeline en Tanja. Neffens har offisjele opjefte is se 1.68 m, mei in gewicht fan 52 kg.

Tanner Mayes
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Tanner Mays, Tanner Mayberry,
Tanner Maze, Evangeline, Tanja
echte nammeJillian Courtney Glover
nasjonaliteit Amerikaansk
berne31 maaie 1989
berteplakAdrian (Michigan)
etnisiteit Kostarikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf20082012
offisjele webside
www.clubtannermayes.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Tanner Mayes waard berne yn it plakje Adrian yn 'e steat Michigan, mar de middelbere skoalle folge se yn Fort Lauderdale, yn súdlik Floarida. Nei't se fan skoalle kommen wie, wurke se as in juridysk assistinte op in abbekatekantoar, foar't se yn 2008 mei de pornoyndustry yn 'e kunde brocht waard troch kollega-pornoaktrise Missy Mae.

Datselde jiers noch, koart foar har njoggentjinde jierdei, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 175 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Hustler, Diabolic Video, Zero Tolerance, New Sensations, Evil Angel en Pure Play Media. Mayes waard ûnder har fjouwerjierrige karriêre nominearre foar net minder as acht AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld). Ein novimber 2009 sette se útein mei it skriuwen fan in searje artikels foar it tydskrift Wack! Magazine, ûnder de titel Tanner Mayes' aDICKtion Issues. Yn 2012 loek se har werom út 'e pornoyndustry.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

JierPriisResultaatKategoryFoar har optreden yn
2010AVN Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.
nominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei London Keyes, Nicole Ray en Allyssa Hall)Girlgasmic 2
nominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Lexi Belle en Erik Everhard)Jail Bait 6
Xbiz Awardwûnbêste nije stjer fan it jier (publykspriis)n.f.t.
XRCO Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.
nominearrecream dream ("wiete dream")n.f.t.
2011AVN Awardnominearrebêste opfiering fan in striptiisFresh Picked
nominearrebêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Prinzzess)Women Seeking Women 65
nominearrebêste triosekssêne f/m/m (mei Michael Tierney en Criss Strokes)My Teen Swallows
2012AVN Awardnominearrebêste sekssêne mei in pearke (mei Toni Ribas)Slutty & Sluttier 13
nominearrebêste opfiering fan in striptiisSlutty & Sluttier 13

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.