Spandaufinzenis

De Spandaufinzenis wie in finzenis yn Berlyn-Spandau oan de Wilhelmstraße. De bou duorre fan 1876 oant 1879.

De Spandaufinzenis yn 1951
Wachttoer Wilhelmstraße

Oarspronklik wie it gebou in militêre finzenis. Fan 1919 ôf waarden dêr ek boargers fêstholden.

De finzenis foel nei de Twadde Wrâldoarloch ûnder it bestjoer fan de fjouwer besettingsmachten (de Feriene Steaten, Frankryk, Grut-Brittanje en de Sovjet-Uny). Elke moanne fan it jier hie in oare besettingsmacht sizzenskip oer de finzenis.

Totaal waarden der sân Dútske oarlochsmisdiedigers, feroardield by de Prosessen fan Neurenberch, opsletten. Op 18 july 1947 waarden se nei Spandau oerbrocht.
De finzenen waarden net by harren namme neamd, mar mei harren nûmer. Baldur von Schirach wie nûmer 1, Albert Speer nûmer 5 en Rudolf Hess nûmer 7. De regels yn de Spandaufinzenis wie folle stranger as yn oare Dútske finzenissen, foaral yn de earste jierren.

Nammeferoardelingein finzenskipreden
Konstantin von Neurath15 jier6 novimber 1954sûnens
Erich Raederlibbenslang26 septimber 1955sûnens
Karl Dönitz10 jier1 oktober 1956straf útsitten
Walther Funklibbenslang16 maaie 1957sûnens
Baldur von Schirach20 jier1 oktober 1966straf útsitten
Albert Speer20 jier1 oktober 1966straf útsitten
Rudolf Hesslibbenslang17 augustus 1987selsmoard

Sloop nei de dea fan Hess bewurkje seksje

It shopping complex fan it eardere Britannia Center Spandau

Nei de dea fan Hess yn 1987 waard it gebou sloopt, om foar te kommen dat it in pylgersoarde foar neonazy's wurde soe. Om seker te wêzen fan folsleine ferneatiging waard fierwei it measte pún ferpulvere en yn de Noardsee smiten. Op it plak fan de finzenis waard in winkelsintrum foar Britske militêren set, it Britannia Center Spandau, dat nei it fuortgean fan de Britske troepen yn 1994 omboud waard ta in gewoan winkelsintrum.