Savage Opress

Savage Opress (útspr.: [sɑˈvaːʒ oˈprɛs], likernôch: "sa-vaazj o-pres") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Zabrak fan Dathomir en de jongere broer fan Darth Maul, waans Sith-learling er wurdt. Savage Opress waard yntrodusearre yn 'e ôflevering Monster, út 2011, fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars, wêryn't syn dialooch ynsprutsen waard troch stimakteur Clancy Brown.

Savage Opress
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
seksemanlik
soarte personaazjeZabrak
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amtSith-ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Darth Maul
Darth Sidious
Asajj Ventress
Obi-Wan Kenobi
geastlike heitGeorge Lucas
ûntstean2011

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Savage Opress is in Zabrak fan 'e planeet Dathomir, dy't as brûker fan 'e tsjustere kant fan de Krêft ta de saneamde Nachtbruorren heart. Hy is de soan fan 'e machtige Nachtsuster Mem Talzin en de jongere broer fan Darth Maul, dy't as lyts bern ûntfierd is troch de Sith-master Darth Sidious om as learling op te lieden. Savage is in haadman en kriichshear op Dathomir as er nei in tal skriklike beproevings troch de tsjustere Jedi Asajj Ventress, in oare Zabrak fan Dathomir, útkard wurdt as har minner en tsjinner. It is har doel om him as helper te brûken by har plan om wraak te nimmen op har eardere Jedi-master, greve Dooku, dy't no in Sith-ridder wurden is.

Mem Talzin en de oare Nachtsusters brûke harren fermogens ta manipulaasje fan 'e Krêft om Savage fan lichem en geast te feroarjen yn in agressivere persoanlikheid mei in sterke, rouwe konneksje mei de Krêft en in oerhearskjende fysike macht. Om syn trou oan Ventress te bewizen, jout se him opdracht syn jongere broer Feral te fermoardzjen, wat er sûnder berou docht. Neitiid nimt se Savage mei om yn 'e Kloane-oarloggen te fjochtsjen oan 'e kant fan 'e troch greve Dooku oprjochte Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, wylst se wachtet op 'e kâns om mei Dooku ôf te weven.

Lang om let beseft Savage lykwols dat Ventress him inkeld brûkt foar har eigen doelen en dat se syn libben sûnder in momint te wifkjen, opofferje sil as dat har goed útkomt. Wannear't Ventress úteinlik besiket en lit Dooku yn har fâle rinne, ferriedt Savage harren beiden en keart er werom nei Dathomir. Dêr stjoert Mem Talzin him út om syn broer Darth Maul te sykjen, dy't Savage troch it gebrûk fan 'e Talisman fan it Finen opspoart op 'e dwingerplaneet Lotho Minor. Maul hat dêr mear as tsien jier yn pine en isolemint trochbrocht, en is yn dy tiid sljochtsinnich wurden. Savage bringt him nei Dathomir, dêr't Mem Talzin syn geast genêst en syn missende ûnderlichem ferfangt troch protezes.

Maul set útein mei in syktocht nei wraak tsjin 'e Jedi Obi-Wan Kenobi, dy't him yn 'e Slach om Naboo mei de ljochtsabel midstwa slein hat (sjoch: Star Wars: Episode I – The Phantom Menace). Savage giet mei him en wurdt syn learling. Op harren paad troch it Stjerrestelsel litte de beide bruorren in spoar fan dea en ferdjer efter harren. By in gefjocht op Florrum slacht Obi-Wan Kenobi Savage in earm ôf nei't er de Jedi-ridder Adi Gallia deade hat. Letter ferbine de bruorren har mei Pre Vizsla en syn Deadewacht yn 'e boargeroarloch dy't op Mandalore woedet. Maul hat ûnderwilens it Kollektyf fan 'e Skaden oprjochte, in ynfloedryk misdiesyndikaat, en hy brûkt dat om Mandalore te feroverjen. Dêrby fermoardet er de hearskeresse fan 'e wrâld, hartoginne Satine Kryze, dy't de minneresse fan Obi-Wan is.

Mei harren nije macht lûke de bruorren lykwols de oandacht fan Darth Sidious, dy't Darth Maul as in gefaarlike rivaal begjint te sjen. Sidious komt harren oer it mad, en yn in gefjocht mei de ljochtsabel bringt er Savage in deadlike ferwûning ta. Wannear't dyselde yn it stjerren leit, ferlit de magy fan 'e Nachtsusters him en feroarje syn lichem en geast werom nei harren oarspronklike steat. Savage ûntskuldiget him foar Maul oer en bekent dat er winliken nea lykas him west hat. Dêrnei stjert er yn 'e earms fan syn broer.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New HopeRaymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the JediGial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom MenaceSaché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clonesgreve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the SithStass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force AwakensBB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of SkywalkerZorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film)Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue OneCassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn SoloTobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono