Robert Vaughn

Robert Vaughn (útspr.: ['ɹɔbǝɹt vɔ:n], likernôch: "ròbbert wôn"; folút: Robert Francis Vaughn; New York, 22 novimber 1932Ridgefield (Konettikut), 11 novimber 2016) wie in Amerikaansk toaniel-, film- en tillefyzjeakteur. Hy wie it bekendst fan syn rol as Napoleon Solo yn 'e tillefyzjesearje The Man from U.N.C.L.E., út 'e 1960-er jierren. Oare bekende rollen hied er yn 'e films The Magnificent Seven, The Bridge at Remagen en The Young Philadelphians. Foar syn optreden yn dy lêste film waard er yn 1960 nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur.

Robert Vaughn
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeRobert Francis Vaughn
nasjonaliteit Amerikaansk
berne22 novimber 1932
berteplakNew York (New York)
stoarn11 novimber 2016
stjerplakRidgefield (Konettikut)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
Iersk
jierren aktyf19552016
prizenEmmy 1978
offisjele webside
www.officialrobertvaughn.com
Dizze side giet oer de Amerikaanske akteur. Foar oare betsjuttings, sjoch: Robert Vaughn (betsjuttingsside).

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Vaughn waard yn 1932 berne yn New York, as de soan fan harkspulakteur Gerald Walter Vaughn en dy syn frou Marcella Frances Gaudel, dy't toanielaktrise wie. Oan syn heite kant wied er fan mingd Iersk en Dútsk etnysk komôf, wylst syn mem fan Frânske ôfstamming wie. Syn âlden skieden doe't Vaughn noch hiel lyts wie, en om't syn mem foar har wurk it hiele lân troch reizge, waard er fierhinne grutbrocht troch syn pake en beppe, dy't yn Minneapolis wennen, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota.

Nei't er dêr de middelbere skoalle trochrûn hie, skreau Vaughn him yn oan 'e Universiteit fan Minnesota, dêr't er in jier sjoernalistyk studearre foar't er syn oplieding ôfbriek. Neitiid ferfear er mei syn mem nei Los Angeles, dêr't er trochlearde yn aktearjen en teäter oan it Stedskolleezje fan Los Angeles (LACC) en letter oan it Steatskolleezje fan Los Angeles foar Tapaste Keunsten en Wittenskippen (LASCAAS). Vaughn sleat syn stúdzje ôf mei it beheljen fan in mastergraad.

Robert Vaughn yn 1966 yn The Man from U.N.C.L.E.

Letter soed er dy yn 1970 omsette yn in doktoraat oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje, mei in proefskrift dat de titel hie: Only Victims: A Study of Show Business Blacklisting ("Inkeld Slachtoffers: In Stúdzje fan Blacklisting yn 'e Showbusiness"). Dêryn gie Vaughn djipdollend yn op it ferskynsel blacklisting yn 'e Amerikaanske entertainmentyndustry, wat ynhâldt dat der in swarte list oanmakke en byholden wurdt fan lju dy't fanwegen har politike opfettings útsluten wurde fan wurk. Yn 1972 publisearre Vaugh dy dissertaasje.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Vaughn makke syn debút as akteur op 21 novimber 1955 yn 'e ôflevering Black Friday fan 'e tillefyzjesearje Medic. Letter dat jiers stied er foar it earst op 'e planken as Judas Iskariot yn it toanielstik The Pilgrimage Play. En yn 1956 wied er foar it earst op it wite doek te sjen, yn 'e film The Ten Commandments, hoewol't dy rol sa lyts wie dat er der net iens foar neamd waard by de begjintitels. Syn earste gruttere filmrol hie Vaughn yn 'e western Hell's Crossroads, út 1957, as Bob Ford, de moardner fan 'e ferneamde histoaryske bandyt Jesse James. Nei't er mei Burt Lancaster yn it toanielstik End as a Man spile hie, bea dyselde him in fêst kontrakt oan by syn filmstudio. It wie lykwols krekt doe, dat Vaughn oproppen waard foar syn tsjinstplicht yn it Amerikaanske Leger. Hy tsjinne twa jier en brocht it ta sersjant-ynstrukteur, belêstge mei training fan nije manskippen.

Vaughn syn trochbraak kaam yn 1959, doe't er foar syn rol yn 'e film The Young Philadelphians nominearre waard foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur, en teffens foar in Golden Globe yn deselde kategory. Yn 1960 folge ien fan syn bekendste filmrollen, as de traumatisearre revolverman Lee yn 'e western The Magnificent Seven, mei û.o. Yul Brynner, Steve McQueen, Charles Bronson en Eli Wallach. Tweintich jier letter soed er frijwol deselde rol nochris ferfolje yn 'e science fiction-film Battle Beyond the Stars (1980), dy't krekt as The Magnificent Seven basearre wie op 'e Japanske film Shichinin no Samurai ("Sân Samoerai"), fan regisseur Akira Kurosawa.

Yn 1963 en 1964 fertolke Vaughn yn 'e tillefyzjesearje The Lieutenant de rol fan kaptein Raymond Rambridge. Hy wie ûntefreden oer dat frijwat beheinde personaazje, en nei't er sadwaande frege hie om 'e rol wat út te wreidzjen, besleat men him ynstee syn eigen searje oan te bieden. Dat waard de spionaazjesearje The Man from U.N.C.L.E., wêryn't Vaughn fan 1964 oant 1968 te sjen wie as Napoleon Solo. Yn dy rol krige er sels efter it Izeren Gerdyn bekendheid. Letter spile Vaughn de ambisjeuze Kalifornyske politikus Walter Chalmers yn 'e film Bullitt (1968), in rol wêrfoar't er nominearre waard foar in BAFTA, de wichtichste Britske filmpriis. Yn 1969 hie Vaughn as majoar Paul Kreuger yn 'e oarlochsfilm The Bridge at Remagen wer ien fan syn bekendere rollen.

Robert Vaughn mei in pypjonge Kurt Russell yn 1964 yn The Man from U.N.C.L.E.

Yn 'e 1970-er jierren spile Vaughn foar it meastepart yn B-films, mar dêrnjonken died er ek mei oan twa seizoenen fan 'e Britske detektivesearje The Protectors. Yn 1978 wûn er in Emmy Award, de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis, foar syn rol as Frank Flaherty yn 'e seisdielige minysearje Washington: Behind Closed Doors. Fierders wied er begjin 1980-er jierren mei syn freon George Peppard te sjen yn it lêste seizoen fan 'e aksjesearje The A-Team, as de formidabele generaal Hunt Stockwell. Oare rollen út 'e tachtiger jierren hie Vaughn yn 'e film Superman III, as de smjunteftige miljonêr Ross Webster, yn trije ôfleverings fan 'e detektivesearje Murder, She Wrote as gastakteur, en op 'e nij as Napoleon Solo yn 'e tillefyzjefilm Return of the Man from U.N.C.L.E. (1983).

Vaughn wurke yn 1993 ferskate kearen yn in cameo mei oan it praatprogramma Late Night with Conan O'Brien, wêryn't er as sabeare lid fan it publyk presintator Conan O'Brien en syn gasten it leksum lies, altyd begjinnend mei de wurden "You people make me sick!" ('Ik wurd mislik fan lju as jim!"). Fierders hied er yn dy snuorje gastrollen yn searjes as Diagnosis Murder, The Nanny, Walker, Texas Ranger en Law & Order. Letter soed er, yn 2006 en 2015, ek meiwurkje oan twa ôfleverings fan Law & Order: Special Victims Unit. Teffens wie Vaughn yn 1992 te sjen yn in ôflevering fan 'e Dútske Krimi-rige Tatort. Fan 2004 oant 2012 hied er in fêste rol yn 'e Britske dramarige Hustle, as de kaartspiler en oplichter Albert Stroller. Yn jannewaris en febrewaris 2012 spile er, ek yn Grut-Brittanje, yn in stikmannich ôfleverings fan 'e soapsearje Coronation Street.

Priveelibben bewurkje seksje

Vaughn wie in langjierrich lid fan 'e Demokratyske Partij. Hy wie ek de earste bekende akteur dy't him ûnder de Fjetnamoarloch iepentlik oansleat by de anty-oarlochsprotesten. Hy troude yn 1974 mei de aktrise Linda Staab, mei wa't er it jiers tefoaren op 'e set fan 'e Britske searje The Protectors yn 'e kunde kommen wie. Hja adoptearren twa bern, Cassidy (berne yn 1976) en Caitlin (berne yn 1981).

Jierrenlang waard oannommen (ek troch Vaughn sels) dat Vaughn de biologyske heit wie fan 'e Ingelske regisseur en filmprodusint Matthew Vaughn, dy't berne wie doe't Vaughn yn 'e iere 1970-er jierren in relaasje hie mei de Ingelske societystjer Kathy Ceaton. DNA-ûndersyk wiisde yn 2002 lykwols út dat de biologyske heit ynstee in George de Vere Drummond wie, in Ingelske aristokraat en de peetsoan fan kening George VI fan it Feriene Keninkryk. Yn 2009 publisearre Vaughn syn autobiografy, mei as titel: A Fortunate Life ("In Fortúnlik Libben").

Ferstjerren bewurkje seksje

Robert Vaughn kaam op 11 novimber 2016 oan akute leukemy te ferstjerren yn syn hûs yn Ridgefield yn 'e Amerikaanske steat Konettikut. Dat barde alve dagen foar syn 84e jierdei.

Bibliografy bewurkje seksje

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1955Medicdokter Charles A. Lealegastrol; ôfl. Black Friday
1955Lux Video TheatreFrankgastrol; ôfl. Cover-Up
1956Big Townfigurantgastrol; ôfl. Marine Story en Fake S.O.S.
1956GunsmokeKidgastrol; ôfl. Cooter
1956State TrooperMitchgastrol; ôfl. Another Chance
1956FrontierCliffgastrol; ôfl. The Return of Jubal Dolan
1956Father Knows BestBeekmangastrol; ôfl. Betty Goes Steady
1956The MillionaireJay Powersgastrol; ôfl. The Jay Powers Story
1956Screen Directors PlayhouseArchibald Parkergastrol; ôfl. The Bitter Waters
1956West Pointkadet Hameroffgastrol; ôfl. The Operator and the Martinet
1956You Are Theresoldaatgastrol; ôfl. The Heroism of Clara Barton
1956Zane Grey TheaterJohnnygastrol; ôfl. Courage is a Gun
1957GunsmokeAndy Bowersgastrol; ôfl. Romeo
1957Playhouse 90Steve Sprockgastrol; ôfl. The Troublemakers
1957Tales of Wells FargoBilly the Kidgastrol; ôfl. Billy the Kid
1957Telephone Timeprins Albert fan Saksen-Coburg en Gothagastrol; ôfl. The Consort
1958Jefferson DrumShelly Poegastrol; ôfl. Return
1958Dragnet?gastrol; ôfl. The Big Pack Rat
1958The RiflemanDan Willardgastrol; ôfl. The Apprentice Sheriff
1958Panic!Frank Elliotgastrol; ôfl. Double Identity
1958The Walter Winchell FileColegastrol; ôfl. The Nightt Prowlers: File #35
1958Mike HammerHank Barlowgastrol; ôfl. The Living Dead
1958Wagon TrainRoy Pelhamgastrol; ôfl. The John Wilbot Story
1958Whirlybirdsdokter Bob Dixongastrol; ôfl. Dr. Dixon
1959Alfred Hitchcock PresentsArtgastrol; ôfl. Dry Run
1959ZorroMiguel Rovertogastrol; ôfl. Spark of Revenge
1959Frontier DoctorStan Graygastrol; ôfl. The Twisted Road
1959Playhouse 90Earl Randolphgastrol; ôfl. Made in Japan
1959Law of the PlainsmanTheodore Rooseveltgastrol; ôfl. The Dude
1959Schlitz Playhouse of StarsBuddy Baldwingastrol; ôfl. Hostage
1959Wichita TownFrank Warrengastrol; ôfl. Passage to the Enemy
1959The LineupBart Wadegastrol; ôfl. Prelude to Violence
1959Broncosheriff Lloyd Stovergastrol; ôfl. Borrowed Glory
1959Law of the PlainsmanRoss Drakegastrol; ôfl. The Innocents
1959RiverboatRoger Mowbraygastrol; ôfl. About Roger Mowbray
1960The DuPont Show with June Allysondokter Collinsgastrol; ôfl. Emergency
1960CheckmateAbner Bensongastrol; ôfl. Interrupted Honeymoon
1960Goodyear Theatreluitenant Dave Hutchinssearje ek bekend as Alcoa Theatre; gastrol; ôfl. The Last Flight Out
1960Men into SpacePerry Holcombgastrol; ôfl. Moon Cloud
1960The RebelAsa Bannistergastrol; ôfl. Noblesse Oblige
1960LaramieSandy Kaylegastrol; ôfl. The Dark Trail
1960The Man from BlackhawkHayworthgastrol; ôfl. Remember Me Not
1960Wagon TrainRoger Bigelowgastrol; ôfl. The Roger Bigelow Story
1961Thrillerdr. Frank Cordellgastrol; ôfl. The Ordeal of Dr. Cordell
1961The Asphalt JungleWarren W. Scottgastrol; ôfl. The Scott Machine
1961Follow the SunAlbertgastrol; ôfl. The Far End of Nowhere
1961Target: The CorruptorsLacegastrol; ôfl. To Wear a Badge
1961Stagecoach WestBeaumont Butler Buellgastrol; ôfl. Object: Patrimony
1961The AquanautsWes Graysongastrol; ôfl. The Landslide Adventure
1961Tales of Wells FargoBilly Brigodegastrol; ôfl. Treasure Coach
1961Follow the SunRalph Bordengastrol; ôfl. A Rage for Justice
196187th PrecinctSordogastrol; ôfl. The Heckler
1962BonanzaLuke Martingastrol; ôfl. The Way Station
1962The Eleventh HourPeter Warrengastrol; ôfl. The Blues My Baby Gave to Me
1962Cain's HundredPhilip Coleranegastrol; ôfl. The Debasers: Milton Bonner and Philip Colerane
1963The Eleventh Hourapostel Markusgastrol; ôfl. The Silence of Good Men
1962The Dick Powell ShowA. Dunster Lowellgastrol; ôfl. The Boston Terrier
1962Kraft Mystery TheaterBill Gardnergastrol; ôfl. Death of a Dream
1963G.E. TrueEarl Rogersgastrol; ôfl. Defendant: Clarence Darrow
1963Empirekaptein Paul Termangastrol; ôfl. No Small Wars
196377 Sunset StripDouglas Milindergastrol; ôfl. Your Fortune for a Penny
1963The UntouchablesCharlie Argosgastrol; ôfl. The Charlie Argos Story
1963The VirginianSimon Claingastrol; ôfl. If You Have Tears
1963The Dick Van Dyke ShowJim Darlinggastrol; ôfl. It's a Shame She Married Me
1963–1964The Lieutenantkaptein Raymond Rambridgeweromkearende rol; 16 ôfl.
1964To Trap a SpyNapoleon Solotillefyzjefilm
1964–1968The Man from U.N.C.L.E.Napoleon Solofêste rol; 105 ôfl.
1965Gideons WayplysjemanBritske searje; gastrol; ôfl. The Reluctant Witness
1965The Spy with My FaceNapoleon Solotillefyzjefilm
1965The Red Skelton Showplysje McGuiregastrol; ôfl. Never on a Bum-Day
1966The Girl from U.N.C.L.E.Napoleon Sologastrol; ôfl. The Mother Muffin Affair
1966One Spy Too ManyNapoleon Solotillefyzjefilm
1966One of Our Spies is MissingNapoleon Solotillefyzjefilm
1966The Red Skelton ShowVictor Virtuegastrol; ôfl. The Land of Bilk and Money
1966Please Don't Eat the DaisiesNapoleon Solocameo; ôfl. Say UNCLE
1967The Spy in the Green HatNapoleon Solotillefyzjefilm
1967The Karate KillersNapoleon Solotillefyzjefilm
1968The Helicopter SpiesNapoleon Solotillefyzjefilm
1968How to Steal the WorldNapoleon Solotillefyzjefilm
1972The Woman HunterJerry Huntertillefyzjefilm
1972–1974The ProtectorsHarry Rulefêste rol; 52 ôfl.
1974Witness to YesterdayTom Painegastrol; ôfl. Tom Paine
1975Police WomanAndrew Simmsgastrol; ôfl. Blast
1975ColumboHayden Danzigergastrol; ôfl. Trouble Waters
1976Captains and the KingsCharles Desmondminysearje
1976ColumboCharlie Claygastrol; ôfl. Last Salute to the Commodore
1976Police WomanLou Malikgastrol; ôfl. Generation of Evil
1976Kiss Me, Kill MeEdward Fullertillefyzjefilm
1977Washington: Behind Closed DoorsFrank Flahertyminysearje
1977The Feather and Father GangWinslowgastrol; ôfl. Murder at F-Stop II
1978CentennialMorgan Wendellminysearje
1978The Eddie Capra MysteriesCharles Pendragongastrol; ôfl. Nightmare at Pendragon Castle
1978The Islandersenator Gerald Strattontillefyzjefilm
1978The Greatest Heroes in the Biblekening Dariusgastrol; ôfl. Daniel in the Lions' Den
1979The RebelsSeth McLeanminysearje
1979Hawaii Five-OSebastian Rolandegastrol; ôfl. The Spirit is Willie
1979Backstairs at the White Housepresidint Woodrow Wilsonminysearje
1979Mirror, MirrorMichael Jacobytillefyzjefilm
1980Trapper John, M.D.T.K. Sheldongastrol; ôfl. Girl under Glass: Part 1 en Girl under Glass: Part 2
1980Doctor Frankendokter Arno Frankentillefyzjefilm
1980The Gossip CollumnistMark Casetillefyzjefilm
1980City in FearHarrison Crawford IIItillefyzjefilm
1981The Love BoatCharles Parisgastrol; ôfl. This Year's Model/The Model Marriage/Vogue Rogue/Too Clothes for Comfort/Original Sin: Part 1
en This Year's Model/The Model Marriage/Vogue Rogue/Too Clothes for Comfort/Original Sin: Part 2
1982FantasiesGirardtillefyzjefilm
1982Inside the Third Reichfjildmaarskalk Milchtillefyzjefilm
1982The Day the Bubble BurstRichard Whitneytillefyzjefilm
1982FDR: That Man in the White Housepresidint Franklin D. Roosevelttillefyzjefilm
1982The Blue and the Graysenator Reynoldsminysearje
1982A Question of HonorFrederick Walkertillefyzjefilm
1983Intimate AgonyDave Fairmonttillefyzjefilm
1983The Return of the Man from U.N.C.L.E.: The Fifteen-Years-Later AffairNapoleon Solotillefyzjefilm
1983Silent ReachSteven Sinclairminysearje
1983Hotelhiermoardnergastrol; ôfl. Charades
1983–1984Emerald Point N.A.S.Harlan Adamsweromkearende rol; 13 ôfl.
1984The Hitchhikerdokter Christopher Hamiltongastrol; ôfl. Face to Face
1984The Last Bastiongeneraal Douglas MacArthurAustralyske minysearje
1985EvergreenJohn Bradfordminysearje
1985Private SessionsOlvier Colestillefyzjefilm
1985International Airportgesachfierder Powelltillefyzjefilm
1985Murder, She WroteGideon Armstronggastrol; ôfl. Murder Digs Deep
1986Murrowpresidint Franklin D. Roosevelttillefyzjefilm
1986Prince of Bel AirStanley Auerbachtillefyzjefilm
1986Stingraynammeleaze mastersmjuntgastrol; ôfl. Abnormal Psych
1986You Are the Jury'Charles Hemminggastrol; ôfl. The State of Arizona vs. Dr. Evan Blake
1986–1987The A-Teamgeneraal Hunt Stockwellfêste rol yn seizoen 5; 13 ôfl.
1987Reaching for the Skiesn.f.t.ferteller; Amerikaanske ferzje
1987Desperadosheriff John Whaleytillefyzjefilm
1987NightstickRay Meltontillefyzjefilm
1988The Ray Bradbury TheaterJerome Huxleygastrol; ôfl. The Fruit at the Bottom of the Bowl
1989Hunterûnderkommissaris Curtis Mooreheadgastrol; ôfl. City under Siege: Part 1, City under Siege: Part 2 en City under Siege: Part 3
1989Murder, She WroteEdwin Chancellorgastrol; ôfl. The Grand Old Lady
1990Dark Avengerkommissaris Peter Kinghorntillefyzjefilm
1990Perry Mason: The Case of the Defiant DaughterJay Corellitillefyzjefilm
1991Murder, She WroteCharles Winthropgastrol; ôfl. The Witch's Curse
1991Love at First SightHarry Winfieldgastrol; ôfl. Lady Hit
1992Tatortkolonel GavronDútske searje; gastrol; ôfl. Camerone
1992Tracks of GloryMorrisminysearje
1992LincolnIsaac Arnoldas stimakteur; tillefyzjefilm
1993Danger Theatren.f.t.presintator; 7 ôfl.
1993–1994Kung Fu: The Legend ContinuesRykkergastrol; ôfl. Dragonswing en Dragonswing II
1993Late Night with Conan O'Brienlulke man yn it publykgastrol; 3 ôfl.
1994SirensNed Whelangastrol; ôfl. Farewell to Arms
1994W.S.H.Macoutetillefyzjefilm
1995Escape to Witch MountainEdward Bolttillefyzjefilm
1995As the World TurnsRick Hamlingastrol; ôfl. 1.10002
1995Burke's LawWilliam Shanegastrol; ôfl. Who Killed the Movie Mogul?
1995Dancing in the DarkDennis Forbestillefyzjefilm
1996Diagnosis MurderBill Strattongastrol; ôfl. Murder Murder
1996Walker, Texas Rangerdokter Stuart Risergastrol; ôfl. Plague
1996One Life to Livebiskop Corringtongastrol; 1 ôfl.
1996–1998The NannyJames Sheffieldweromkearende rol; 2 ôfl.
1997Diagnosis MurderAlexander Drakegastrol; ôfl. Discards
1997–1998Law & OrderCarl Andertonweromkearende rol; 3 ôfl.
1998HostAdam Springtillefyzjefilm
1998–2000The Magnificent Sevenrjochter Oren Travisweromkearende rol; 6 ôfl.
1999RecessWhiteas stimakteur; gastrol; ôfl. The Story of Whomps
1999The SentinelVince Dealgastrol; ôfl. The Real Deal
2004–2012HustleAlbert StrollerBritske searje; weromkearende rol; 48 ôfl.
2006Law & Order: Special Victims UnitTate Speergastrol; ôfl. Clock
2007Family of the YearMonty Hollowayminysearje
2008Little Britain USAPaul Getty IIgastrol; ôfl. 1.5
2008The VerdictLuciustillefyzjefilm
2015Law & Order: Special Victims UnitWalter Briggsgastrol; ôfl. December Solstice
2012Coronation StreetMilton FanshawBritske searje; gastrol; 13 ôfl.
2015Powder Burns: An Original Western Audio DramaTategastrol; ôfl. Fifteen Thousand Friends
films
1956The Ten Commandmentsspeardrager / Israelyt by Gouden Kealnet fermelden op 'e begjintitels
1957Hell's CrossroadsBob Ford
1957No Time to Be YoungBuddy Root
1958Teenage Cave Mansoan fan 'e symboalemakker
1958Unwed MotherDon Bigelow
1959Good Day for a HangingEddie Campbell
1959The Young PhiladelphiansChester A. Gwynnnominearre foar in Oscar foar bêste byrol fan in akteur
1960The Magnificent SevenLee
1961The Big ShowKlaus Everard
1963The CaretakersJim Melford
1966The Glass Bottom BoatNapoleon Soloûnfermelde cameo; ek bekend as The Spy in Lace Panties
1967The Venetian AffairBill Fenner
1968BullittWalter Chalmers
1969If It's Tuesday, This Must Be Belgiumfotograaf Antonio
1969The Bridge at Remagenmajoar Paul Kreuger
1970Julius CaesarServilius Casca
1970The Mind of Mr. Soamesdr. Michael Bergen
1971The StatueRay Whiteley
1971Clay PigeonNeilson
1974The Man from Independencepresidint Harry Truman
1974The Towering Infernosenator Parker
1975Wanted: BabysitterStuart Chase
1976Atraco en la Jungla Tonyek bekend as 3-Way Split, as Blue Jeans and Dynamite en as Double Cross
1977Demon SeedProteus IVas stimakteur
1977Starship Invasionsprof. Allan Duncan
1978The Lucifer ComplexGlen Manning
1978Brass Targetkolonel Donald Rogers
1979Good Luck, Miss Wyckoffdokter Neal
1980Cuba CrossingHudek bekdn as Assignment: Kill Castro
1980Fukkatsu no Hisenator BarkleyJapanske film; ynternasjonale titel: Virus
1980Hangar 18Gordon Cain
1980Battle Beyond the StarsGelt
1981S.O.B.David Blackman
1983Superman IIIRoss Webster
1983Great Transportdr. Emil Kovac
1986Black Moon RisingEd Ryland
1986The Delta Forcegeneraal Woodbridge
1987Hour of the AssassinSam Merrick
1987RenegadeLawsonek bekend as They Call Me Renegade
1987Killing Birdsdokter Fred Brown
1988Skeleton Coastmajoar Schneider
1988Captive RageEduard Delacorte
1988Another Way: D-Kikan JohoMr. DJapanske film
1989Brutal GloryMax Owensdirekt-op-fideo útbrocht
1989The Emissaryambassadeur Ed MacKay
1989That's AdequateAdolf Hitler
1989C.H.U.D. II: Bud the C.H.U.D.kolonel Masters
1989River of Deathdr. Wolfgang Manteuffel
1989Transylvania Twistlord Byron Orlock
1990Buried AliveGary Julian
1990Nobody's Perfectdokter Duncan
1991Going UnderWedgewoodek bekend as Dive!
1992Blind VisionMr. X
1994Dust to Dustboargemaster Sampson Moses
1995Witch Academyde duvel
1996Joe's Apartmentsenator Dougherty
1996Milk & Moneyomke André
1997Menno's Mindsenator Zachary Powell
1997Motel Bluekommissaris MacIntyre
1997VulcanVince Baxterek bekend as Anak ng Bulkan
1997An American Affairprof. Michaels
1998Visionsspesjaal agint Silvestri
1998McCinsey's IslandWalter Denkins
1998The SenderRon Fairfax
1998BASEketballBaxter Cain
1998The Company MenControl 5direkt-op-fideo útbrocht
2001Pootie TangDick Lecter
2002Cottonmouthrjochter Mancini
2003Happy HourTulley sr.
2003Hoodlum & SonBenny Palladino
2004Scene Stealersdokter Gadsden Braden
20042BPerfectlyHonestNick
2004Gang Warzkommissaris Hannigan
2005Hustle Season 2: The Big FinishAlbert Strollerkoarte film
2007Hustle Season 3: It's Just Lke PlayingAlber Strollerkoarte film
2007The Warrior ClassBen Braddockdirekt-op-fideo útbrocht
2011PatrimonyDavidkoarte film
2012Excuse Me for LivingJacob
2012The Magnificent ElevenAmerican Bob
2014A Cry from WithinDoc Williams
2016The American Sidegriishierrige man
2016Gold StarCarmine

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.