Mason Moore

Mason Moore, echte namme: Megan Morrison (Granada Hills (Kalifornje), 1 febrewaris 1985), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise.

Mason Moore
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMegan Morrison
nasjonaliteit Amerikaansk
berne1 febrewaris 1985
berteplakGranada Hills (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf20082012
offisjele webside
masonmoorexxx.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Moore is hikke en tein yn Granada Hills, in buert yn 'e San Fernandodelling fan Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Yn 2002, op har santjinde, ferfalske se har identiteitsbewiis om as stripper wurkje te kinnen.

Yn 2008, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 130 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations en Evil Angel. Ek wurke se in protte foar pornosites as Brazzers, BangBros, Reality Kings en Naughty America. Tusken 2010 en 2012 sleepte se dêrby sân nominaasjes foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht.

Njonken har aktearwurk posearre se ek foar neakenblêden. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 64 kg. Mids 2012 makke se op har Twitteraccount bekend dat se yn ferwachting wie en by har freon ynlutsen wie, en dat se har dêrom weromloek út 'e pornoyndustry.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

JierPriisResultaatKategoryFoar har optreden yn
2010AVN Awardnominearrebêste lesbyske groepsekssêneBig Toy Orgy
nominearrebêste lesbyske triosekssêneSweet Cheeks 11
Xbiz Awardnominearrenije stjer fan it jiern.f.t.
FAME Awardfinalistefavorite nije stjern.f.t.
2011AVN Awardnominearrebêste triosekssêne f/m/mSlutty and Sluttier 11
nominearrebêste anale sekssêneA Girl, a Boy & a Toy
nominearrebêste sekssêne mei dûbele penetraasjeBra Busters
nominearreûnderwurdearre stjer fan it jiern.f.t.
2012AVN Awardnominearreûnderwurdearre stjer fan it jiern.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: