Lund is it haadplak fan de gemeente Lund yn it Sweedske lânskip Skåne en de provinsje Skåne län.

Lund
Domtsjerke fan Lund
Domtsjerke fan Lund
Polityk
LânSweden
ProvinsjeSkåne lân
LânskipSkåne
Sifers
Ynwennertal82.800 (2010)
Oerflak25,75 km²
Befolkingsticht.3.250 / km²
Oar
Stifting990
TiidsôneCET (UTC+1)
SimmertiidUTC+2
Offisjele webside
De webside fan de gemeente Lund (in) .
Wapen fan Lund

Lund bestiet al fan sa. 990 ôf. Der binne 27 tsjerken en kleasters dêr't guon fan no museum binne. De grutste tsjerke, de domtsjerke, wijd oan Sint-Laurentius, waard yn 1123 oplevere.

Lund hat in universiteit mei 39.000 studinten[1] en in ferskaat oan museums. It iepenloftmuseum Kulturen yn it âlde part fan de stêd is der ien fan.

Lund hat in protte strjitten yn Renêssânsestyl, dy't sa gewurden litten binne.

Universiteitsbibleteek

Ut de skiednis bewurkje seksje

Lund is yn 1020 stifte troch Knoet de Grutte. Fan 1104 ôf wie Lund de sit fan de aartsbiskop fan hiel Skandinaavje en Finlân. Yn 1536 waard it aartsbisdom wer opheft. Lund hat yn syn skiednis in soad te lijen hân fan krigen tusken Denemark en Sweden, mar nei 1658 bleau de stêd Sweedsk. De Universiteit fan Lund waard yn 1666 stifte.

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • Domtsjerke
  • Lundagård
  • Kulturen, iepenloftmuseum
  • Histoarysk museum
  • Kapittelhûs
  • Kunsthall
  • Raadhuis
  • St. Peters klosterkyrkan
  • Planetarium

Lund is in studintestêd en is fral ferneamd om het festival " Karneval" dat ienris yn de fjouwer jier hâlden wurdt. Dy dei mei fergelike wurde mei de Nederlânske Befrijingsdei. Minsken út de hiele provinsje reizgje dan op Lund oan.It planetarium yn de domtsjerke is ek it besjenwurdich.

Iepenloftmuseum Kulturen

Demografy bewurkje seksje

Untjouwing befolking
JierYnwennertal
1570817
16101 145
16501 535
16901 251
17301 530
17702 078
18103 100
18506 709
189015 023
193024 520
195034 039
197052 359
199571 450
200576 188

Berne yn Lund bewurkje seksje

Sport bewurkje seksje

Ferienings:

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. About Lund University - Lund University