Jynx Maze

Jynx Maze, echte namme: Victoria Elson (Long Beach (Kalifornje), 6 oktober 1990), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Iersk-Skotsk-Perûviaansk etnysk komôf, dy't harsels yn it begjin fan har karriêre ek wol koartwei Jynx neamde. Neffens har offisjele opjefte is se 1.55 m, mei in gewicht fan 53 kg.

Jynx Maze
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeVictoria Elson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne6 oktober 1990
berteplakLong Beach (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
Skotsk
Perûviaansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf2010 – no
offisjele webside
www.club-jynxmaze.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jynx Maze is hikke en tein yn Long Beach, yn 'e steat Kalifornje, ien fan 'e gruttere foarstêden fan Los Angeles. Fan har heitekant hat se Iersk en Skotsk bloed, wylst har mem oarspronklik út Perû kaam. Koart nei't se ein 2008 mearderjierrich wurden wie, sette Maze útein mei wurk as stripper yn in stripklub yn Chico, yn noardlik Kalifornje.

Yn febrewaris 2010, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Har earste pornografyske optreden wie yn in diel fan 'e Public Disgrace-rige fan pornowebside Kink.com. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 165 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Pure Play Media, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Digital Playground, Hustler Video, Devil's Film en Zero Tolerance. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Kink.com. Dêrby spesjalisearret se har yn anale seks. Se hat ûnderwilens sân nominaasjes yn 'e wacht sleept foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Yn 2012 waard derfan grute dat Maze in relaasje hawwe soe mei kollega-pornoakteur Jordan Ash.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

JierPriisResultaatKategoryFoar har optreden yn
2010CAVR Awardnominearrestjer fan it jiern.f.t.
2011Xbiz Awardnominearrenije stjer fan it jiern.f.t.
2012AVN Awardnominearrebêste opfiering fan in striptiisBig Wet Asses 18
nominearrebêste anale sekssêne (mei Toni Ribas)Slutty & Sluttier 13
nominearrebêste triosekssêne f/m/m (mei Toni Ribas en Mick Blue)Sex Appeal
nominearrebêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Erik Everhard en Steve Holmes)Anal Fanatic 2
nominearrebêste nije stjern.f.t.
XRCO Awardnominearrecream dream ("wiete dream")n.f.t.
2013AVN Awardnominearrebêste opfiering fan in striptiisSlutty & Sluttier 15
Xbiz Awardnominearrebêste sêne yn in fynjetpublikaasje (mei Jordan Ash)This Is Why I'm Hot 2
2014AVN Awardnominearremeast seksy kontn.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: