Godlike Ferlossertsjerke

De Godlike Ferlossertsjerke is in tsjerkegebou yn Drachten yn 'e gemeente Smellingerlân.

Godlike Ferlossertsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Smellingerlân
plakDrachten
adresPier Panderstrjitte 1
koördinaten53° 6'N 6° 4'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdomGrins-Ljouwert
patroanhilligeGodlike Ferlosser
Arsjitektuer
arsjitektC.H. Bekink
boujier1963
monumintale statusgemeentlik monumint
Webside
Hiemside Klara fan Assisiparochy
Kaart
Godlike Ferlossertsjerke (Drachten)
Godlike Ferlossertsjerke

Skiednis bewurkje seksje

De moderne roomsk-katolike tsjerke fan de parochy De Godlike Ferlossertsjerke waard ûntwurpen troch Coen Bekink. Op 19 maaie 1962 waard de earste stien lein en op 19 juny 1963 waard de tsjerke wijd.

Alhoewol't de tsjerke in gemeentlik monumint is, wurdt it gebou mei ôfbraak bedrige om 't de parochy de lesten net mear betelje kin. De parochy wol in lytsere tsjerke bouwe, mar it Cuypersgenoatskip, in organisaasje dy't stribbet nei it behâld fan tsjerken, makke yn 2022 bekend dat dy besykje wol om de ôfbraak tefoarren te kommen.[1]

Oargel bewurkje seksje

It oargel út 1963 waard makke troch Bernard Pels.[2]

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, deel 6. Seist: Rijksdienst voor de Monumentenzorg / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4

Noat

  1. Omrop Fryslân, 30 desimber 2022
  2. orgbase.nl