Brooklyn Lee

Brooklyn Lee, echte namme: Nina Ramos (yn Ohio, 1 juny 1989), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Yndiaansk, Portorikaansk en Sweedsk etnysk komôf. Har skûlnamme wurdt ek wol misstavere as Brooklynn Lee. Hja sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2012 wûn se û.m. de AVN Award foar bêste nije stjer. Yn 2013 beëinige Lee har karriêre as pornoaktrise.

Brooklyn Lee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeNina Ramos
nasjonaliteit Amerikaansk
berne1 juny 1989
berteplak? (Ohio)
etnisiteit Yndiaansk
Portorikaansk
Sweedsk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf20102013
offisjele webside
brooklyn-lee.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Lee waard yn 1989 berne yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de dochter fan in etnysk Portorikaanske heit en in mem dy't fan mingd Yndiaansk en Sweedsk komôf wie. Hja groeide fierhinne op yn Ohio, mar wenne as bern ek op Porto Riko en yn Kentucky, New York, Pennsylvania en Kanada. Neffens eigen sizzen begûn Lee foar it earst nei pornofilms te sjen doe't se tsien jier wie.

Brooklyn Lee yn 2012.

Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, sudearre se koart oan in universiteit foar't se har stúdzje ôfbriek. Dêrnei wurke se in hoartsje as sekretarieel meiwurkster yn Boston. Letter wurke Lee as servearster yn in stripklub yn New York, dêr't se yn 2007, fuort nei har achttjinde jierdei, as stripper oan 'e gong gie. Letter ferhuze se nei Los Angeles om in karriêre as pornoaktrise nei te stribjen.

Pornokarriêre bewurkje seksje

Yn 2010, doe't se 21 jier wie, liet Lee har dêr ynskriuwe by it foaroansteande ympressariaat LA Direct Models, en datselde jiers makke se har debút yn in pornografyske film. Yn novimber 2011 tekene se in eksklusyf kontrakt mei Spiegler Girls, it ympressariaat fan Mark Spiegler. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn 210 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Penthouse, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Evil Angel, Digital Playground, Zero Tolerance, Shane's World, Digital Sin, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Adam & Eve en Hustler Video.

Dêrnjonken wie se ek wol yn 't spier foar minder bekende Amerikaanske studio's, lykas Legend Video, Mike Adriano Media, Pure Play Media, Seymore Butts Home Movies, Third Degree Films, West Coast Productions en Girlfriends Films. Ek spile se yn films fan it Kanadeeske Mile High Media, it Sweedske Private en it Frânske Vidéo Marc Dorcel. Teffens wurke se in protte foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Naughty America, Brazzers en Dogfart.

Guon fan Lee har bekendste films wiene Spider-Man XXX: A Porn Parody (2011), in parody fan Vivid Superhero op 'e Spider-Man-superheldefilms; Voracious (2012); en The New Behind the Green Door (2013), in remake fan 'e pornoklassiker Behind the Green Door, út 1972. Yn dy lêste film fertolke Lee de rol fan haadpersoan Hope, dy't ûnder har syktocht nei har biologyske mem bestrûpt rekket yn in trange ûnderwrâld. Lee wie ûnder har pornokarriêre tige súksesfol. Se wûn njoggen AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld), wêrûnder yn 2012 dy yn 'e kategory bêste nije stjer, en waard noch fyftjin oare kearen nominearre foar in AVN Award. Yn 2013 wûn se fierders de Xbiz Award yn 'e kategory froulike artyst fan it jier.

Brooklyn Lee yn 2011.

Lee beëinige har karriêre as pornoaktrise op 1 maaie 2013, in beslút dat se letter befêstige yn in fraachpetear mei AVN, it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Dêrby joech se oan dat de twafâldige reden foar har beslissing wie dat se har talizze woe op in oplieding en dat se no in fêste relaasje mei in freon hie, en dat se dêrom gjin geslachtsferkear mei oare manlju mear hawwe woe. Lee ferwidere ek har Twitter- en Tumblr-siden, en is langer net mear aktyf op 'e sosjale media.

Mainstream-aktiviteiten bewurkje seksje

Brooklyn Lee wurke ek mei oan 'e fideoklip fan it nûmer Raise Your Glass, út 2010, fan 'e Amerikaanske sjongster Pink. Dêryn wie hja mei trije oare LA Direct Models blyndoeke te sjen wylst se molken waarden om in flesse te foljen dêr't neitiid in keal út boarnd waard. Yn deselde fideoklip wie Lee ek te sjen yn in sêne wêryn't der roazebledsjes út har mûle wei de loft yn sjitte. Yn 2013 wurke Lee yn 'e mande mei fyftjin oare Amerikaanske pornoaktrises mei oan 'e dokumintêre Aroused, fan regisseur Deborah Anderson.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Brooklyn Lee is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 53 kg, en in natuerlike kupmaat 32C. Se hat gjin piercings, mar al ferskate tatoeaazjes: in heraldyske leelje ûnder har nâle; de tekst "Love" oan 'e binnenkant fan har rjochterûnderearm; stjerren oan 'e bûtenkant fan har lofterankel en op har lofterfoet; de tekst "Memento Mori" op har bopperêch; en de tekst "Veritas" op har rjochtermulfinger.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

JierPriisResultaatKategoryFoar har optreden yn
2012AVN Awardnominearrebêste stripteaseThe Bombshells 3
nominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Madelyn Marie, Chanel Preston en Alexis Texas)Girlfriends 3
nominearrebêste lesbyske groepsekssêne (mei Madelyn Marie, Chanel Preston en Alexis Texas)Girlfriends 3
nominearrebêste anale sekssêne (mei Xander Corvus)Spider-Man XXX: A Porn Parody
nominearrebêste byrol fan in aktriseSpider-Man XXX: A Porn Parody
wûnbêste lesbyske groepsekssêne (mei Diamond Foxxx, Zoey Holloway en Missy Martinez)Cherry 2
wûnbêste orale sekssêne (mei Juelz Ventura en Mike Adriano)American Cocksucking Sluts
wûnbêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei Ian Scott)Private Blockbusters 7: Mission Asspossible
wûnskandalichste sekssêne (mei Juelz Ventura en Mike Adriano)American Cocksucking Sluts
wûnbêste nije stjern.f.t.
XRCO Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.
wûnorgastysk oralisten.f.t.
2001AVN Awardnominearrebêste stripteaseBig West Asses 21
nominearrebêste POV-sekssêne (mei David Perry)Perryvision 2
nominearrebêste triosekssêne (f/f/m) (mei Lea Lexis en Manuel Ferrara)Voracious
nominearrebêste groepsekssêne (mei Skin Diamond, Misty Stone, Mika Tan, Dane Cross, James Deen en Alex Gonz)Official The Hangover Parody
nominearrebêste groepsekssêne (mei Sandra Romain, David Perry en Ian Scott)Voracious
nominearrebêste aktriseVoracious
nominearrefroulike artyst fan it jiern.f.t.
nominearrebêste senario (mei Lea Lexis en John Stagliano)Voracious
wûnbêste lesbyske groepssekssêne (mei Samantha Bentley en Ruth Medina)Brooklyn Lee: Nymphomaniac
wûnbêste anale sekssêne (mei Manuel Ferrara)Oil Overload 7
wûnbêste triosekssêne (f/f/m) (mei Asa Akira en James Deen)Asa Akira Is Insatiable 3
wûnskandalichste sekssêne (mei Rocco Siffredi)Voracious
Xbiz Awardnominearrebêste aktrise yn in feature-filmVoracious
wûnfroulike artyst fan it jiern.f.t.
XRCO Awardnominearreorgastysk analisten.f.t.
nominearrebêste aktriseVoracious
nominearrefroulike artyst fan it jiern.f.t.
wûnorgastysk oralisten.f.t.
wûnsupersletn.f.t.
2014AVN Awardnominearreskandalichste sekssêne (mei Ryan Madison)Get My Belt
nominearrebêste aktriseThe New Behind the Green Door
Xbiz Awardnominearrebêste sekssêne yn in feature-film (mei Kayden Kross, Jesse Jane, Stoya en Johnny Sins)Bridesmaids
nominearrebêste sekssêne yn in feature-film (mei James Deen)The New Behind the Green Door
nominearrebêste sekssêne yn in feature-film (mei Jon Jon, Prince Yashua en Nat Turnher)The New Behind the Green Door
nominearrebêste byrol fan in aktriseThe New Behind the Green Door
nominearrebêste aktriseBridesmaids
XRCO Awardnominearrebêste aktriseThe New Behind the Green Door

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.