Benny Andersson

Göran Bror Benny Andersson (Stockholm, 16 desimber 1946) is in Sweedsk sjonger en lietsjeskriuwer. Hy is bekend as ien fan de twa manlike sjongers fan de popgroep ABBA. Benny Andersson is de heit fan muzikant Peter Grönvall.

Benny Andersson
sjonger en/of muzikant
Benny Andersson yn 1974
Benny Andersson yn 1974
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGöran Bror Benny Andersson
nasjonaliteit Sweedsk
berne16 desimber 1946
berteplakStockholm
wurkpaad
sjenrePop,
Folk
sjongtaalIngelsk,
Sweedsk
ynstrumintAkkordeon,
Piano,
Keyboard,
Gitaar,
Saksofoan,
grutste hit(s)Waterloo,
Fernando,
Dancing Queen
jierren aktyf1964 - No
Benny Andersson yn 2012

Benny Andersson begûn as seis jierrich jonkje mei akkordeon spyljen, syn heit en pake learden him dat ynstrumint te bespyljen. Doe't er tsien jier wie krige Andersson syn eigen piano en learde er himsels pianospyljen. As 15-jierrige begûn er op te treden yn jeugdklups. Begjin 1964 sleat Benny him oan by de Elverkets Spelmanslag ("De elektrysk bestjoerde folk muzyk groep"); de namme wie wurdboarterij ferwizend nei harren elektryske ynstruminten.

Hep Stars (1964–1969)

bewurkje seksje

Yn oktober 1964 kaam er by de Hep Stars as toetsenist. De band spile yn it begjin benammen covers fan ynternasjonale hits, mar Andersson begûn al gau syn eigen lietsjes te skriuwen. De band groeide út ta in bekende Sweedske popgroep út de jierren 60. Mei de Hep Stars brocht Benny Andersson fiif studio-albums en ien live-album út.

ABBA (1972–1982)

bewurkje seksje

Andersson moete Björn Ulvaeus yn de simmer fan 1966, de twa manlju begûnen tegearre ferskes te skriuwen, wêrfan't de earste Isn't It Easy To Say wie, úteinlik opnommen waard troch de Hep Stars. Hy hie ek in fruchtbere gearwurking op it mêd fan lietsjeskriuwen mei Lasse Berghagen, mei wa't er ferskate ferskes skreau. It ferske Hej, Clown waard ynstjoerd foar de finale fan it Sweedske Eurofyzje Sjongfestival fan 1969. It nûmer einige op it twadde plak. By dy wedstriid trof er sjongeres Anni-Frid Lyngstad, en al gau waarden se in keppel. Om deselde tiid hinne moete syn freon Björn Ulvaeus sjongeres Agnetha Fältskog. Doe't de twa keppels inoar begûnen te stypjen by opnamesesjes, kaam de popgroep ABBA ta libben.

De ynternasjonale trochbraak fan de groep kaam mei it winnen fan it Eurofyzje Sjongfestival foar Sweden mei it liet Waterloo op 6 april 1974. Yn de folgjende acht jier boekte popgroep wrâldwiid in soad sukses en skoarde in rige fan nûmer 1-hits.Mei ABBA brocht Benny Andersson njoggen studio-albums en twa live-album út.

Benny Anderssons Orkester (2001–no)

bewurkje seksje
Benny Andersson Orkester yn 2006

Nei ABBA, bleau Andersson lieten skriuwen mei Björn Ulvaeus. Under oaren foar musicals en films. Yn 2001 ûntstie út in gearwurking mei oare muzikanten it orkest Benny Anderssons Orkester in orkest mei sechstjin muzikanten dy't Sweedske folksmuzyk spylje. Mei de Benny Anderssons Orkester hat Benny Andersson oant no ta sân studio-albums en ien live-album útbrocht.

Priveelibben

bewurkje seksje

Andersson waard berne yn Stockholm, Uppland/Södermanland, Sweden, as earste yn in gesin fan twa, syn heit wie wurksum as sivyl ynzjenieur. Benny Andersson hat trije kear boaske west en wêrûnder trije jier mei Anni-Frid Lyngstad. Benny Andersson hat út dy trije relaasjes trije bêrn. Wêrûnder muzikant Peter Grönvall de âldste soan út syn earste houlik.

AlbumUtbrocht opBandSingle(s)
We And Our Cadillacseptimber 1965Hep StarsCadillac,
Bald Headed Woman,
No Response
The Hep Stars19 desimber 1966Wedding,
Consolation
Jul med Hep Starsdesimber 1967
It's Been A Long Long Timefebrewaris 1968It´s Been a Long Long Time,
Musty Dusty
Songs We Sang 68desimber 1968
Lycka1970Björn Ulvaeus & Benny Andersson
Ring Ring26 maart 1973ABBAPeople Need Love,
He Is Your Brother,
Ring Ring,
Another Town, Another Train,
I Am Just a Girl,
Love Isn't Easy (But It Sure Is Hard Enough),
Rock'n Roll Band,
Nina, Pretty Ballerina
Waterloo4 maart 1974Waterloo,
Honey, Honey,
Hasta Mañana
ABBA21 april 1975So Long,
I've Been Waiting for You,
I Do, I Do, I Do, I Do, I Do,
Bang-A-Boomerang,
SOS,
Mamma Mia,
Rock Me
Arrival11 oktober 1976Dancing Queen,
Money, Money, Money,
Knowing Me, Knowing You,
That's Me
ABBA: The Album12 desimber 1977The Name of the Game,
Take a Chance on Me,
Eagle
Voulez-Vous23 april 1979Chiquitita,
Does Your Mother Know,
Voulez-Vous,
Angeleyes,
As Good as New,
I Have a Dream
Super Trouper3 novimber 1980The Winner Takes It All,
On and On and On,
Super Trouper,
Happy New Year,
Andante, Andante,
Lay All Your Love on Me
The Visitors30 novimber 1981One of Us,
When All Is Said and Done,
Head over Heels,
The Visitors
Klinga mina klockornovimber 1987Benny Andersson
November 1989novimber 1989
Fiolen Min1990Orsa spelmän
Ödra1998
Benny Anderssons Orkester28 juny 2001Benny Anderssons OrkesterVår sista dans
BAO!25 juny 2004Du är min man,
Midnattsdans
BAO 324 oktober 2007Fait Accomplit,
Du frälste mig i sista stund
Story Of A Heart26 juny 2009Sommaren du fick,
Story of a Heart
O klang och jubeltid15 juny 2011Kära syster
Tomten har åkt hem19 novimber 2012
Mitt hjärta klappar för dig10 juny 2016
Voyage5 novimber 2021ABBAI Still Have Faith in You,
Don't Shut Me Down,
Just a Notion,
Little Things,
No Doubt About It
Musicalpremjêre
Chess1984
Kristina från Duvemåla1996
Mamma Mia!1999
Hjälp sökes2013
Filmpremjêre
Mio min Mio
Mio, mijn Mio
july 1987
Sånger från andra våningen6 oktober 2000
Du levande2007
Mamma Mia!30 juny 2008
Palme2012
Cirkeln10 febrewaris 2015

As gastmuzikant

bewurkje seksje
Single(s)AlbumUtbrocht ynMei band
Norsk export,
Lindgrens Tivoli,
Bälter Svens paradpolkett,
Kvesjøvalsen
Orsa spelmän1988Orsa spelmän