Tûla (oblast)

De oblast Tûla (Russysk: Ту́льская о́бласть, Tulskaja oblast) is in federale bestjoersienheid yn Ruslân. It leit geografysk yn it Europeeske diel fan it lân en makket diel út fan it Sintrale Federale Distrikt. Haadstêd is Tûla.

Tûla oblast

Ту́льская о́бласть

flaggewapen
polityk
soarte gebietOblast
lân Ruslân
federaal distriktSintraal Federaal Distrikt
ekonomyske regioSintrale Ekonomyske Regio
haadplakTûla
grutste plakTûla
taalRussysk
Etnyske groepenRussen 95,3%
Oekraïners 1%, Armeenjers 0,6%
Stân 2010
sifers
ynwennertal1.432.570 (2022)
oerflak25.679 km²
befolkingstichtens56 ynw. / km²
oar
stifting26 septimber 1937
tiidsôneUTC +3
koördinaten55° 49' N 37° 20' E
websidehttps://www.tula.ru

De oblast heart ta de meast ûntwikkele en ferstedske gebieten fan Ruslân. De measte ynwenners fan de oblast wenje yn de stêdekloft Tûla-Novomoskovsk, in stedsk gebiet mei in befolking fan mear as ien miljoen.

Geografy bewurkje seksje

Tusken it sintrum fan Tûla en it sintrum fan Moskou lizze 185 km; fan de stedsgrinzen ôf is dat 150 km. De lingte fan de hiele oblast is fan noard nei súd likernôch 200 km, wylst dy fan wêst nei east 190 km is.

De Upa

De oblast grinzget mei de klok mei oan de oblast Moskou yn it noarden en dan oan de oblasten Rjazan (easten), Lipetsk (súdeasten), Orjol (súdwêst) oant Kalûga yn it wêst.

Yn de oblast streame mear as 1.600 rivieren en streamkes. De wichtichste rivieren binne de:

Natuerlike rykdommen yn de oblast binne izererts, brúnkoal en kalkstien.

Bestjoerlike yndieling en stêden bewurkje seksje

Dûma fan Tûla oblast

De oblast Tûla hat 30 stedske plakken te ferdielen yn 19 stêden en 11 plakken mei in steds karakter (flekke), dy't yn twa stedssdisrikten en 19 rajons lizze.

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

De oblast Tûla is ien fan de oblasten mei in hurd sakjend ynwennertal. Dat hat te meitsjen mei fergrizing; likernôch in tredde fan de ynwenners sit yn de groep fan de minsken dy't mei pinsioen binne.

Jier189719261939195919701979198920022022
Befolking1.419.4561.504.8512.048.6951.920.3081.952.4671.907.5751.861.4111.675.7581.432.570

Stêden bewurkje seksje

StêdRussyskBestjoersienheidYnwennersStêd sûntWapenLokaasje
Aleksin*АлексинAleksinski rajon57.1021777 54° 30' N 37° 4' E
ArsenjevoАрсеньевоArsenjevski rajon4.622 53° 44' N 36° 39' E
Beljov*БелёвBeljovski rajon12.4841147 53° 48' N 36° 7' E
Bogoroditsk*БогородицкBogoroditski rajon30.1991777 53° 46' N 38° 07' E
Bolochovo*БолоховоKirejevski rajono8.738194354° 4' N 37° 49' E
Donskoi*Донскойstedsdistrikt61.4771939 53° 58' N 38° 19' E
DûbnaДубнаDûbenski rajon5.65554° 9' N 36° 57' E
Jasnogorsk*ЯсногорскJasnogorski rajon14.984 54° 28' N 37° 42' E
Jefremov*ЕфремовJefremovski rajon33.9651777 53° 9' N 38° 7' E
Kimovsk*КимовскKimovski rajon25.1421773 53° 58' N 38° 31' E
Kirejevsk*КиреевскKirejevski rajon26.2771956

58° 55' N 37° 55' E

KûrkinoКуркиноKûrkinski rajon4.85653° 26' N 38° 40' E
Lipki*ЛипкиKirejevski rajon8.08453° 57' N 37° 42' E
NovogûrovskiНовогуровскийstedsdistrikt3.34254° 28' N 37° 19' E
Novomoskovsk*Новомосковскstedsdistrikt121.6741930 54° 1' N 38° 16' E
OdojevОдоевOdojevski rajon5.134 53° 56' N 38° 42' E
PervomaiskiПервомайскийSjtsjokinski rajon8.82954° 2' N 37° 30' E
Plavsk*ПлавскPlavski rajon15.563194953° 42' N 37° 18' E
ZaokskiЗаокскийZaokski rajon6.19654° 44' N 37° 24' E
Sjtsjokino*ЩёкиноSjtsjokinski rajon56.2631938 54° 0' N 37° 31' E
SlavnyСлавныйArsenjevski rajon1.79653° 32' N 36° 28' E
Sovetsk*СоветскSjtsjokinski rajon7.24653° 55' N 37° 37' E
Sûvorov*СуворовSûvorovski rajon17.0061954 54° 7' N 36° 30' E
TjoplojeТёплоеTjoplo-Ogarjowski rajon4.83853° 37' N 37° 35' E
Tsjekalin*ЧекалинSûvorovski rajon866 54° 6' N 36° 15' E
TsjernЧерньTsjernski rajon6.183 53° 27' N 36° 54' E
Tûla*Тулаstedsdistrikt461.245 54° 12' N 37° 37' E
Uzlvaja*УзловаяUzlovski rajon49.155 53° 59' N 38° 10' E
Venjov*ВенёвBeljovski rajon13.691 54° 21' N 38° 16' E
VolovoВоловоKirejevski rajon3.56053° 33' N 38° 01' E

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Тульская область


 
Dielgebieten fan Ruslân

RepublykAdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
KrajAltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
OblastAmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblastJoadske Autonome Oblast
Autonoom distriktChanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêdMoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
🔥 Top keywords: