Sorø (plak)

Sorø is in plak yn de gemeente mei deselde namme yn de Deenske regio Sjælland sa'n 75 km bewesten Kopenhagen. Sorø is de bestjoerssit fan de regio Sjælland.

Sorø
Kampus akademy fan Sorø
Kampus akademy fan Sorø
Polityk
LânDenemark
RegioSjælland
GemeenteSorø
Sifers
Ynwennertal7.801
Gemeente: 29.288 (2013)
Oerflak311,05 km²
Oar
Stifting1161
Postkoade4180
TiidsôneUTC+1
Offisjele webside
www.soroe.dk

It plak waard 1161 stifte fan biskop Absalon, dy't letter ek Kopenhagen stiftsje soe. De Akademy fan Sorø (Deensk: Sorø Akademi) is in ûnderwiisynstitút dat yn 1140 boud waard. Teffens waard dat jier de Sorø Klosterkirke set, de tsjerke dêr't biskop Absalon en Margareta I fan Denemark beïerdige waarden (sy waard letter oerbrocht nei de Dom fan Roskilde yn Roskilde).

In soad ynwenners fan Sorø wurkje yn se stêdekloft Kopenhagen of yn Roskilde.

  • Lademann, t. 26, str. 183, Kopenhagen 1987, ISBN 87-15-06078-0
  • Kay Nielsen, Ib Askholm: Danmarks kongelige familier i 1000 år, 2007, ISBN 978-87-91679-09-4
  • J. P. Trap: Danmark. Sorø Amt, Gads Forlag, Kopenhagen 1954
  • Værd at se i Danmark. Seværdigheder fra A-Å, Høst & Søn, Kopenhagen 1998, ISBN 87-14-29436-2
  • Jakob H. Zeuthen: Bogen om danske kommunevåbener, Aschehoug Forlag 2000, ISBN 87-11-12863-1

Keppeling om utens

bewurkje seksje