In savanne is in tropysk of subtropysk greidlânskip mei ferspraat foarkommende beamte. Yn in savanne is gers de meast foarkommende fegetaasje mingd mei krûden. Yn de tuskenbeiden sône wurde lyksoartige gebieten meastentiids oantsjutten mei oare nammen: steppe, pampa, prêry, bosksteppe, woastynsteppe.

Savanne yn Tarangire National Park yn Tanzania

It hiele jier troch hearsket der in hege (of teminsten frij hege) temperatuer. De delslach bedraacht 50-150 sintimeter jiers (dat soe yn tuskentroch streken foldwaande wêze foar in tichte bosk, mar net yn tropyske en subtropyske gebieten mei in folle hegere ferdamping). Der is ôfwikseljend in wiet en drûch seizoen.

It wurd "savanne" is ôfkomstich út Súd-Amearika, mar wurdt tsjintwurdich meast brûkt foar de savannes fan Afrika (en ek wol dy fan Austraalje en Yndia). Yn de Afrikaanske savanne komme in nea benei te kommen ferskaat oan grutte sûchdieren foar: oaljefanten, noashoarns, liuwen, kafferbuffels, siraffen en talleaze soarten antilopen.

Der kinne trije ferskate typen savannes ûnderskieden wurde: fochtige, drûge en stikelich strewelleguod savannen:

fochtige savannedrûge savannestikelstrewellesavanne
FoarkommenAfrika, Aazje, Austraalje, Yndia, Súd-AmearikaAfrika, Aazje, AustraaljeAfrika, Aazje, Meksiko, Súd-Amearika
Klimaat7-8 moanne mei delslach4,5–7 moanne mei delslach2-4 moanne mei delslach
Jierlikse delslach1000–1500 mm500–1000 mm250–500 mm
Plantegroeioant 2 m hege, it hiele jier troch griene gerzen, iepen bosk fan de fochtige savanne, galerybosken lâns de rivieren, ikkerbou sûnder irrigaasjeboarsthege gerzen, ferspriede beammenoant 30 cm hege gerzen, stikelich strewelleguod
Savanne, Masai Mara, Kenia