Saskatoon


Saskatoon is de grutste stêd yn de Kanadeeske provinsje Saskatchewan. De stêd leit oan de rivier de Súd Saskatchewan.

Saskatoon
Polityk
LânKanada
ProvinsjeSaskatchewan
Sifers
Ynwennertal224.300 (2010)
Oerflak217,92 km²
Stêdekloft265.259
Hichte481,5 m
Oar
Stifting1883
TiidsôneCST (UTC−6)
Koördinaten
Offisjele webside
http://www.saskatoon.ca

Saskatoon hat in klimaat mei hjitte simmers en kâlde winters. Totaal hat Saskatoon sa'n 2381 oere sinne it jier, ien fan de heechste weardes fan Kanada.

Saskatoon is in wichtich sintrum foar de distribúsje fan Saskatchewan's lânbouprodukten, fral fan nôt. Mynbou is ek fan grut belang foar de stêd en omkriten.

De earste delsettingen yn wat letter Saskatoon wurde soe, kamen yn 1883 en 23 jier letter waard it plak offisjeel in stêd. De namme fan de stêd is ôflaat fan it Kreewurd mis-sask-quah-toomina wat in lokaal foarkommende frucht is.

Saskatoon wurdt wol The City of Bridges neamd fanwege de 7 brêgen dy't it hat. It ynternasjonale fleanfjild fan Saskatoon is ferneamd nei de eardere minister-presidint fan Kanada John Diefenbaker.

Partnerstêden bewurkje seksje

Berne yn Saskatoon bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje