Flagstaff (Arizona)

Flagstaff (Navajo: Kinłání) is in plak (city) yn de Amerikaanske steat Arizona. It is ek it haadplak fan Coconino County.

Flagstaff
Sintrum fan Flagstaff. Yn de fierte it San Fransiskoberchtme
Sintrum fan Flagstaff. Yn de fierte it San Fransiskoberchtme
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatArizona
CountyCoconino
Sifers
Ynwennertal65.870 (2010)
Oerflak165,4 km²
Befolkingsticht.398,2 / km²
Stêdekloft134.421
Hichte2106 m
Oar
TiidsôneMST (UTC-7)
Koördinaten
Offisjele webside
(in) City of Flagstaff, Arizona
Lowell Observatory, de stjerrewacht yn Flagstaff, dêr't yn 1930 Pluto ûntdutsen waard
Lizzing Coconino County mei Flagstaff yn Arizona

Neffens it United States Census Bureau beslacht it plak in oerflak fan 164,8 km², dêr't 164,7 km² fan lân en 0,1 km² oerflaktewetter is.

Flagstaff leit op in hichte fan 2121 m boppe seenivo oan de foet fan it 'San Francisco'-berchtme yn it súdwesten fan it Kolorado Plato. Flagstaff is in útfalsbasis foar toeristen dy't nei de protte natuerparken yn de regio wolle dêr't ek de Grand Canyon ta heart.

De stêd hat in relatyf koel soarte fan heal-woastynklimaat mei frijwat mylde simmers en strange winters. De temperatuer komt simmerdeis oant sa'n 27 °C ta.

Op sa'n 55 km eastlik fan Flagstaff leit de Barringerkrater. Dat is de meast ferneamde ynslachkrater op Ierde.De Grand Canyon leit tichtby. Flagstaff waard de populêrste tuskenstop foar toeristen dy't oer de Route 66 reizgen. By Seligman, bewesten Flagstaff, leit it meast lange stik oarspronklike Route 66. Flagstaff hat ek it Arboretum at Flagstaff.

Flagstaff hat in fleanfjild, Flagstaff Pulliam Airport en in stasjon foar treinen fan Amtrak.

Ferneamde persoanen út Flagstaff

bewurkje seksje
Oak Creek Canyon, net fier fan Flagstaff, oan de dyk nei Sedona.

Keppelings om utens

bewurkje seksje