Concord (Massachusetts)

Concord is in plak (town) yn de steat Massachusetts yn de Feriene Steaten (F.S.), sa'n 30 km bewesten Boston.

Concord
Haadstrjitte Concord
Haadstrjitte Concord
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatMassachusetts
CountyMiddlesex County
Sifers
Ynwennertal17.668 (2010)
Oerflak67 km²
Befolkingsticht.263 / km²
Oar
Stifting1635
Tiidsône(UTC-5)
Simmertiid(UTC-4)
Offisjele webside
Offisjele webside Concord
Plak fan Concord yn Massachusetts

Concord hat in rol fan belang spile yn de skiednis fan de Feriene Steaten en yn de Amerikaanske literatuer.

Ut de skiednis bewurkje seksje

Concord spile in haadrol oan it begjin fan de Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich, doe't moarnsier 19 april 1775 de earste militêre konfrontaasjes wiene tusken Amerikaanske boargermilysjes, de Minutemen, en it Britske leger. Earder dy dei dag waren er skermutselingen tusken de Amerikaanske milysjes en Britske legerienheden yn it tichteby lizzend Lexington, dêr't de Amerikanen ferslein waarden. Dêrnei gienen de Britten fierder nei Concord, dêr't fjildslach by de Alde Noardbrêge (Old North Bridge) útfjochte waard en de Amerikaanske frijheidsstriders de Britske soldaten op de rin wisten te krijen.

Concord spile ek in bysûndere rol yn de skiednis fan de literatuer fan de F.S.. De filosoof Ralph Waldo Emerson wenne yn Concord, lykas ek de skriuwers Louisa May Alcott, Margaret Sidney, Nathaniel Hawthorne en Henry David Thoreau. Thoreau wenne goed twa jier yn in houten hûske dat er sels set hie, oan it marke Walden Pond, dêr't hy syn ferneamde boek "Walden" skreau.

In protte ferneamde bewenners fan Concord binne begroeven op begraafplak Sleepy Hollow Cemetery.

It besjen wurdich bewurkje seksje

  • Old North Bridge
  • The Old Manse, it hûs dêr't Emerson en Hawthorne wenne hawwe.
  • The Wayside, it hûs dêr't Louisa May Alcott, Hawthorne en Margaret Sidney wenne hawwe.
  • Minute Man National Historical Park, it fan de US Park Service behearde nasjonale park op it plak fan de slachfjilden om Concord en Lexington hinne.

Ferneamde ynwenners bewurkje seksje

BertejierNammeStjerjierBerop
1803Ralph Waldo Emerson1882Skriuwer en filosoof
1817Henry David Thoreau1862Skriuwer en filosoof
1868Robert Williams Wood1955Natuerkundige
1962Steve CarellAkteur en komediant
1969Paget Brewsteraktrise
1975Hal GillIishokkyspiler
1976Greg MarcksFilmmakker
1974Dean RosenthalKomponist


Keppeling om utens bewurkje seksje