Cherokee (pornografysk aktrise)

Cherokee, echte namme: Tiffany Paige Adams (Erlanger (Kentucky), 12 jannewaris 1982), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise en pornoregisseur fan Sjeroky-komôf; dêrfandinne har artystenamme. Se moat net betize wurde mei in oare Amerikaanske pornoaktrise, Cherokee d'Ass, dy't fan Afro-Amerikaansk komôf is.

Cherokee
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeTiffany Paige Adams
nasjonaliteit Amerikaansk
berne12 jannewaris 1982
berteplakErlanger (Kentucky)
etnisiteit Sjeroky
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur
jierren aktyf20022011
offisjele webside
gjint

Libben bewurkje seksje

Cherokee is hikke en tein yn it plakje Erlanger, yn 'e steat Kentucky. Se is tige lyts fan stal, mei in lingte fan 1.50 m en in gewicht fan 52 kg. Yn 2002, doe’t se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se yn likernôch 260 pornofilms, foar labels as Vivid, Mile High Productions, Evil Angel, Wicked Pictures en Jill Kelly Productions. Fierders wûn Cherokee yn 2004 de Exotic Dancer Award yn 'e kategory bêste nije optreden. Yn 2006 regisearre se foar it earst in pornofilm. Yn 2011 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

JierPriisResultaatKategoryFoar har optreden yn
2004Exotic Dancer Awardwûnbêste nije optredenn.f.t.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: