Belville

Bellville is in eardere stêd yn de provinsje West-Kaap (Súd-Afrika), mar is no in foarstêd fan Kaapstêd, sa'n 20 km fan it sintrum fan dy stêd. De Universiteit fan West-Kaaplân en it haadkantoar fan it Bibelgenoatkip fan Súd-Afrika húsmanje dêr ûnder oaren. It fleanfjild fan Kaapstêd ('Kaapstad Internasionale Lughawe') leit tichteby; der binne in tal golfbanen en ferskate winkelsintrums.

Belville
(Twaalf Myl / Hardekraaltjie)
Polityk
LânSúd-Afrika
ProvinsjeWest-Kaap
Sifers
Ynwennertal89.732 (2001)
Oerflak49.18 km²
Befolkingsticht.1800 / km²
StêdekloftKaapstêd
Oar
Stifting1861
TiidsôneSAST (UTC+2)

Skiednis bewurkje seksje

Bellville hjitte oarspronklik "Hardekraaltjie". Hardekraaltjie wie it ienichste plak mei hurde grûn dêr't weinen útspand wurde koenen en bivakkearre wurde koe op reizen troch de Kaapske Flakte. It Hardekraaltjie-karavaanpark bestiet no noch.

Doe't it spoar fan Kaapstêd nei Wellington Hardekraaltjie berikte, kaam der in stasjon oan de Durban Road. It jusjes noardliker lizzende Durbanville wie doe al in fêste delsetting, wylst it lettere Bellville doe noch yn de berneskuon stie. Afrikaanskpraters neamden it plak fan it stasjon Twaalf Myl, neamd nei de mylpeal mei syn Romeinske XII dy't op de hoeke fan Voortrekker- en Durbanwei stiet. Dat plak lei presys tolve myl of 19,3 km fan de Kaap. Yn 1861 is it nei de lânmjitter Charles Davidson Bell ferneamd. Bellville waard yn 1940 in selsstannige gemeente en krige yn 1979 de stedsstatus.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Kaapstêd en omkriten mei Belville
🔥 Top keywords: