Auschwitz (stêd)

Auschwitz (Poalsk: Oświęcim) is in stêd yn it Poalske woiwodskip Lyts-Poalen, 64 kilometer besúdwesten Krakau. Auschwitz is yn it foarste plak bekend fan it konsintraasje- en ferneatigingskamp Auschwitz.

Auschwitz (stêd)
FlaggeWapen
Polityk
Lân Poalen
ProvisnjeLyts-Poalen
GemeenteOświęcim
Sifers
Ynwennertal39.562 (2014)
Oerflak30,3 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens1306 / km²
Hichte230 m
Oar
WebsideWebstee fan de stêd Auschwitz

Skiednis bewurkje seksje

De stêd waard yn 1179 foar it earst neamd. It hartochdom Auschwitz en Zator wie sûnt 1327 in fazalsteat fan Bohemen en waard letter eigendom fan de hartoggen fan Teschen. Yn 1457 kocht de Poalske kening Kasimir IV it plak. Nei de earste Poalske dieling kaam de stêd yn 1773 oan Eastenryk, dêr't de hearskers fan harren no noch "hartoch fan Auschwitz" neamden. Yn dy steat behearde it gebiet oan it Keninkryk Galysje en Lodomerye. Oars as it oarepart fan dat kroanlân wie Auschwitz sûnt 1818 part fan it Dútske Bûn.

De stêd kaam nei de Earste Wrâldoarloch, neffens ôfsprutsen wie by it Ferdrach fan Saint-Germain, oan Poalen, mar waard yn 1939 troch Nazy-Dútslân ferovere. Yn 1940 waard út ein set mei de bou fan it konsintraasjekamp Auschwitz. Stadichoan waard dat kamp it sintrum fan in grut netwurk fan allerhanne grutte en lytse kampen. It ferneatigingskamp Auschwitz-Birkenau waakste ta it grutste moardfabryk fan de nazy's. Sûnt 1945 heart de stêd wer byPolen.

Partnerstêden bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Resinsje fan Laura Starink yn: NRC-Handelsblad, Boekebylage 20-1-2012, s.3