Anton Geesink

Anthonius Johannes (Anton) Geesink (6 april 1934, Utert - 27 augustus 2010, Utert) wie Nederlânsk wrâldkampioen judo en lid fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC).

Anton Geesink
sporter
Anton Geesink (1956)
Anton Geesink (1956)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAnthonius Johannes Geesink
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum6 april 1934
berteplakUtert
stjerdatum27 augustus 2010
stjerplakUtert
lingte1,98 m
gewicht120 kg
sportive ynformaasje
sportJudo,
Wrakseljen
earste titelNK (1951)
O.S.Tokyo 1964
debút1949
karriêre-ein1967
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen
Anton Geesink (1961)

Hy wie yn 1961 de earste net-Japanner dy't wrâldtitel yn de swierste klasse judo wûn, en wie ek yn 1965 de bêste fan de wrâld. Yn 1964 skokte hy it gastlân Japan doe't er op de Olympyske Spullen yn Tokio yn de finale de Japanner Akio Kaminaga fersloech en dêrtroch Olympysk kampioen judo waard.Geesink waard 21 kear Europeesk kampioen en wûn yn Nederlân njonken 21 nasjonale titels yn it judo ek yn 1957, 1958, en 1959 in nasjonale titel yn it Gryksk-Romeinsk wrakseljen.

Nei syn judokarriêre bleau Geesink ek as bestjoerder aktyf yn de sportwrâld. Hy makke sûnt 1987 diel út fan it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee.

Keppeling om utens bewurkje seksje