Noravank

Noravank (Armeensk: Նորավանք, it "Nije Kleaster") is in Armeensk kleaster út de 13e iuw en wie oant de 19e iuw it plak dêr't de foarsten fan de Orbelian-dynasty begroeven waarden.

Noravank

Նորավանք

bouwurk
lokaasje
lân Armeenje
ProvinsjeVajoz Dsor
plakby Jeghegnadzor yn de Amaghu-delling
bysûnderheden
type bouwurkKleaster
boujier13e iuw
arsjitektDe muonts Momik

It kleaster heart ta de wichtichste toeristyske attraksjes fan Armeenje en stiet sûn 1996 op de nominaasje om ynskreaun te wurden yn it wrâlderfgoed fan UNESCO. Noravank leit tichteby de stêd Jeghegnadsor yn de provinsje Vajoz Dsor yn in spektakulêr lânskip tusken reade en grize kalkrotsen.

De kleastergebouwen stamme út de 13e iuw en binne opmerklik orizjineel yn it ûntwerp, dat taskreaun wurdt oan de arsjitekt Momik.

Stifting bewurkje seksje

Noravank waard yn 1205 boud yn opdracht fan biskop Hovhannes, in eardere abt fan Vahanavank by de hjoeddeiske stêd Kapan yn Syunik. Dat barde nei't in ierdskodding it âlde, 9e of 10e iuwske kompleks ferneatige hie. Binnen en bûten de kleastermuorren lizze ruïnes fan ferskate oare gebouwen.

De Surp Astvatsatsin oan it begjin fan de 20e iuw foar de restauraasje

It hjoeddeiske kleasterkompleks bestiet út in 13e iuwske Dopertsjerke of Sint-Karapettsjerke (Surb Karapet), de Sint-Grigoriuskapel (Surb Grigor) mei in oerwelfde hal en in Mem-Godstsjerke (Surp Astvatsatsin), de mausoleumtsjerke dy't yn de jierren 1331–1339 boud waard. Noravank wie it plak dêr't de leden fan de Orbelian-dynasty oant yn de 19e iuw harren lêste rêstplak fûnen.

Noravank wie ea de sit fan de biskoppen fan Syunik en foarme mei it skriptoarium en it atelier fan Momik in wichtich kultureel sintrum yn Armeenje De arsjitekt Siranes en de muonst-skilder-byldhouwer Momik wurken hjir yn it lêste diel fan de 13e iuw.

De muorren om it kleaster datearje út de 17e oant 18e iuw. Ek de ruïne fan in Alde Dopertsjerke leit noch binnen dy muorren.

Nei ferwoastiging troch ierdskoddings yn 1841 en 1931 waard Noravank yn de jierren 1948-1949 en 1982-1999 renovearre.

Tsjerken fan Noravank bewurkje seksje

Surb Astvatsatsin bewurkje seksje

Surb Astvatsatsin (Mem Gods-tsjerke)

It grutste bouwurk is de twa ferdjippings tellende Surb Astvatsatsin ("Hillige Mem Gods"); ek wol Burtelashen ("bouwurk fan Burtel") neamd ta eare fan prins Burtel Orbelian, dy't de bou fan de tsjerke betelle en dêr begroeven waard. De tsjerke leit súdeastlik fan de Surb Karapet (Sint-Karapettsjerke). Surb Astvatsatsin waard yn 1339 foltôge en is in masterwurk fan de tige betûfte byldhouwer en miniatuerenskilder Momik. Momik levere it ûntwerp en it wie ek syn lêste wurk want hy stoar noch foar de foltôging. Oant noch net sa lang lyn hie de tsjerke in skylddak, mar yn 1997 waard de oanspronklike yn 1840 ferneatige trommel mei de koanyske koepel yn de foarm fan besteande fragminten wer opboud. In smelle trep oan de westlike gevel liedt nei de tagong fan de tsjerke. Boppe de yngong is in reliêf te sjen fan Kristus mei oan wjerskanten Petrus en Paulus.

Surb Karapet (Dopertsjerke)

Surb Karapet bewurkje seksje

De haadtsjerke Surp Karapet wurdt ek wol Surp Stephanos neamd. De bou wurdt datearre op 1216 oant 1223 of 1221 oant 1227. De tsjerke is krúsfoarmich mei fjouwer hoekkapellen en hie earder in achthoekige koepel, mar krige by de restauraasje yn de jierren 1990 in rûne trommel mei in koanysk dak.

Surp Grigor bewurkje seksje

De sydkapel Surp Grigor of Smbat Orbelian Kapel (om't dêr it grêf fan Smbat is ûnderbrocht) waard troch de arsjitekt Siranes yn 1275 noardlik fan de Surp Karapet oanboud ûnder it bewâld fan Smbats broer Tarssayitj Orbelian. It is in ienskippich gebou mei in tonferwulft. Op in ferheging stiet in healrûn alter. Yn de tsjerke binne noch resten fan fresko's, dy't lykwols min te ûnderskieden binne. De Surp Grigor hat meardere grêven fan familyleden fan Smbat Orbelian. De tagong is mei in rûnbôgich timpaan en pylders fersierd en de alterapsis is oan wjerskanten dekorearre mei khachkars en foarstellings fan dowen yn reliëf.

Gavit bewurkje seksje

De rjochthoekige gavit (in soarte fan narteks) waard nei alle gedachten fuort nei de bou fan Surp Karapet boud. Yn 1261 waard de gavit lykwols ûnder foarst Smbat Orbelian ferboud. Mooglik waard it dak yn 1321 troch in ierdskodding ferneatige en dêrnei ferfongen troch it tsjintwurdige swiere kleasterferwulft. Yn it gebou binne moaie dekoraasjes en in soad grêfstiennen te sjen. It timpaan waard fanwegen de oerienkomsten yn styl mei de tsjerke fan it doarp Areni taskreaun oan Momik.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Armeniapedia, oproppen 07.07.2019