De kat (Latynske namme: Felis catus), om him te ûnderskieden fan 'e wylde kat ek wol húskat of hûskat neamd, is ien fan 'e âldste húsdieren fan de minske. De domestisearre kat heart ta de famylje fan kateftigen (Felidae). De âldste soartnamme wie Felis domesticus, mar dy is no ferfongen troch Felis sylvestris catus. It mantsje wurdt yn it Frysk in boarre neamd; it wyfke in poes. Ein 2009 wiene der yn Nederlân sa'n 3,6 miljoen katten

Katteklau
Katte-each
Katsjes

Jonge katsjes bewurkje seksje

In jongkatsje wurdt tsjintwurdich faak kitten neamd, in lienwurd út it Ingelsk. Likernôch 66% fan de katsjes wurdt berne mei de kop earst. By de berte is it jongkatsje dôf en blyn. Nei sa'n 10 dagen kin it sjen en nei 17 dagen ek hearre. Nei fjouwer of fiif wiken geane sy oer op fêst iten. Dan leart de memmekat it jong ek om op de kattebak te gean. Dochs drinke in soad kittens oant de sechsde moanne by de mem, at sy dêr de kâns ta krije.[1]

Understeande tabel jout de ûntwikkeling fan in kitten.

TiidOmskriuwing
1 wikeeagen iepen, begjin fan fokusjen
2 wikenkin krûpe, mar noch net stean
17 dagenkin hearre
3 wikenbegjint te rinnen
4 wikenbegjint mei fêst iten
6 wikeneagen begjinne definitive kleur te krijen
8 wikenhat folslein molkgebit
8 wikenjachttechnyk wurdt oefene
8 wikenkastraasje mei no[2]
9 wikenearste faksinaasje panleukopeny en rhinotraceitis/calici
13 wikentwadde faksinaasje
18 wikenwikseling molkgebit nei fêst gebit
24 wekenstanderdleeftiid kastraasje

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

  • Wikiwurdboek-side - kat

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Turner D.C. & Bateson P.(2000). The domestic cat: The biology of its behaviour. Second Edition. Cambridge University Press, Cambridge.
  2. Peeters, E. (2008) Vroegcastratie: uw katje laten helpen op jonge leeftijd. Majesteit ; 58; 36-38.
.