Beringstrjitte

De Beringstrjitte (Ingelsk: Bering Strait, Russysk: Берингов пролив; Beringov proliv) is de seestrjitte dy't tusken de Grutte Oseaan en de Noardlike Iissee leit. It is de skieding tusken Aazje, (Sibearje) en Noard-Amearika (Alaska). Oan de Amerikaanske side leit it Sewardskiereilân, mei Kaap Prince of Wales, oan de Russyske side it Tsjûkotkaskiereilân, mei Kaap Dezjnjov. Yn de Beringstrjitte lizze de Diomedeseilannen dêr't de ynternasjonale datumgrins oerhinne rint en dy't de grins foarmje tusken Ruslân en de Feriene Steaten.

Beringstrjitte
geografy
type wetterseestrjitte
lokaasjetusken Alaska en Sibearje
lân Feriene Steaten
Ruslân
koördinaten65°51′41″ N, 168°53′11″ W
ûnderdiel fanNoardlike Iissee en
   Stille Oseaan
sifers
maks. lingte50 km
maks. breedte82 km
djiptegemiddelde30–50 m
djipste punt90 m

Yn de lêste iistiid wie it seenivo yn de Beringstrjitte sadanich leech, dat minsken en dieren fan Aazje nei Noard-Amearika lûke koene. Nei alle gedachten berikten yn dat tiidrek de earste minsken Amearika.

Sjoch ek bewurkje seksje